Bakkefean
Ut Wikipedy
|
Bakkefean is in doarp yn de gemeente Opsterlân, net fier fuort fan Drachten. Bakkefean hat likernôch 2.034 ynwenners (2005). Der is in iepenbiere De Oanrin en in kristlike basisskoalle It Betrouwen.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Troch dat it doarp op in âlde sânrêch leit is Bakkefean al hiel âld. It doarp waard it earst neamd as it plak wêr't yn 1231 de Friezen en Drinten in fjildslach útfochten hienen. Yn de Tachtichjierrige Oarloch waard it doarp troch de Spanjerts ferwoaste. It hjoeddeistige Bakkefean is ûntstien by de feanûntginning yn 1660. It is dêrtroch in echt streekdoarp. Besuden en súdwestlik fan in dobbe oan de Miumer, krekt efter de Bakkefeanster dunen, binne restanten fan in fol-midsieusk doarp fûn. It doarp moat al foar 1230 ferdwûn wêze.
[bewurkje seksje] Gea
Bakkefean leit middenyn in boskryk gebiet mei ôfwikseljende heide- en sânflakten en leit op de grins mei Grinslân en Drinte. In trijetal organisaasjes beheart de gebieten deromhinne: Natuermonuminten, Steatsboskbehear en It Fryske Gea. Fanút in skiepskoai op de oangrinzjende heide fan Allardseach wurdt de heide fan Bakkefean troch in skiepskudde beweide. Der rinne ek Exmoor-ponny's en Skotske Heechlanners frij yn it heidegebied om.
Tichtby leit ek de Heide fan Allardseach en eastlik fan it doarp leit It Mandefjild.
[bewurkje seksje] Befolking:
[bewurkje seksje] Slotpleats
Yn Bakkefean stiet it histoaryske lângoed Slotpleats út 1818, temidden fan prachtige bosken. It wurdt no brûkt as Teehûs en as startpunt fan de ekskurzjes fan Natuermonuminten yn de bosken by Bakkefean. Efter de Slotpleats stiet it âlde koetshûs dat nei in renovaasje brûkt wurdt as VVV-kantoar. De Slotpleats sels is yn 2006 resteaurearre en de tunen en hôven om it lânhûs binne yn âlde swidens opknapt.
[bewurkje seksje] Monumint
Mei njoggen oaren waard keunstner Hindrik Werkman yn 1945 yn Bakkeveen fusillearre troch in Dútske fjoerpeloton, trije dagen foar de befrijing fan Noard-Nederlân. De redenen foar syn arrestaasje en eksekúsje binne noait goed dúdlik wurden. Hy leit begroeven op it begraafplak fan Bakkefean en yn it doarp stiet in monumint as oantinken oan de tsien fusillearden.
[bewurkje seksje] Ferienings
- De Twakamp - folkstúntsjes
- Dúnsjongers - koar
- Nij Begjin - toaniel
- Kwiek - gymnastyk
- Vitesse - dowen
- VV Bakkefean - fuotbal
- Folleybalferiening Bakkefean
[bewurkje seksje] Rekreaasje
Bakkeveen stiet tsjintwurdich foaral bekend as rekreaasjegebiet mei attraksje- en fakânsjeparken. Troch it toerisme hat Bakkefean in goed foarsjenningennivo as bygelyks in grutte supermerk en goed busferbiningen mei Drachten en Assen. Der is no ek in spesjaal boskpaad foar rôlstuollers. It paad is sawat 1.5 km. lang en begjint en einicht by de útsjochtoer flakby it swimbad Dúndelle.
[bewurkje seksje] Attraksjes
- Doalhôfpark mei útsjochtoer
- Dúndelle - iepenloftswimbad
- 't Mandeskar - ferfeantershúske en in bysûndere tún.
- Duinen Zathe - attraksjepark
[bewurkje seksje] Ferskaat
- Yn Madurodam stiet it gebou fan de Folkshegeskoalle Allardseach.
[bewurkje seksje] Strjitten
Alle strjitten yn Bakkefean.