Karibysk gebiet
Ut Wikipedy
De Karibyk is in regio yn it westlike, tropyske diel fan de Atlantyske Oseaan benoarden de Evener. Part fan de Karibyk binne de Karibyske See en de eilannen en eilannegroepen dy't dêr lizze.
De Karbibyk is neamd nei it folk de Kariben, dy't de Spaanske kolonisten op de Lytse Antillen temjitte kamen by harren reizen.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Befolking
Yn de Karibyk libbet in mjuks fan folken fan meiïnoar likernôch 35 miljoen minsken. Njonken de âldste ynwenners dy't no in minderheid binne libje der minsken mei in Afrikaansk of Jeropeesk foarteam, Kreoalen, lykas de Yndiërs (benammen op Trinidad en Tobago en Guyana) en Sinesen op ferskate eilannen yn de Karibyk.
Spaansk en Ingelsk binne de grutste talen fan de Karibyk (Ingelsk foar 94 % fan de befolking, Spaansk troch 70 %), dêrneist noch Frânsk, Nederlânsk en ferskate Kreoaltalen.
[bewurkje seksje] Geology
It grutste part fan de Karibyske See, dat yn de Kaimangrêven oant 7.680 m djip is, leit op de Karibyske plaat, útsein it noardwestlike diel oarekant de Djipsee, leit op de Noardamearikaanske plaat.
[bewurkje seksje] Skiednis fan de Karibyk
De Arawak-Indianen teagen yn 'e earste ieu f. Kr. út Fenezuëla nei de Karibyske eilannen. Nei de Arawak kamen de agressive Kariben, dy't de Arawak fan de Lytse Antillen reagen. Op it stuit dat Kristoffel Kolumbus mei syn ekspedysjes útein sette wennen de Arawak op Kuba, Hispanjola en de Bahama's, wylst de Kariben op de Lytse Antillen wennen.
[bewurkje seksje] Kolonialisaasje
Doe't Columbus stipe troch de Spaanske Kroan yn 1492 op San Salvador kaam, wied er foaral op syk nei goud en oar weardefol guod. Mar foar de Arawaken wienen de saken dêr't de Jeropeanen foar kamen, net weardefol. Sa kaam der stadichoan Jeropeeske bewenning op de eilannen. Njonkelytsen dienen de Ingelanners, Nederlanners en Frânsen itseldel; sels Denemark en Kûrlân hienen dêr it bewâld oer lytse koloanjes.
De Karibyk wie benammen yn 'e 16e ieu in boarterstún foar Piraten. De lytse eilannen beaën de seerôvers, dy't ek faak foar in kening ûnderweis wienen, goede skûlplakken en de Spaanske boaten wienen in goed oanfalsdoel. Port Royal op Jamaika en de Frânske mienskip op Tortuga wienen Piratemienskippen.
It grutste part fan de eilannen waard yn 'e 20e ieu ûnôfhinklik.
[bewurkje seksje] Eilannen en eilannegroepen yn de Karibyk
- Amerikaanske Famme-eilannen
- Anguilla
- Antigua en Barbûda
- Aruba
- Barbados
- Bonêre
- Britske Famme-eilannen
- Corn Eilannen (Nikaragua)
- Curaçao
- Dominika
- Grenada
- Guadelûp (Frânsk departemint)
- Hispanjola (mei de steaten Haïty, Dominikaanske Republyk)
- Isla Margarita (Fenezuëla)
- Islas del Rosario (Kolumbia)
- Jamaika
- Kaimaneilannen
- Kuba
- Martinyk (Frânsk departemint)
- Montserrat
- Navassa
- Nederlânske Antillen
- Porto Riko
- Saba
- San Andrés y Providencia (Kolumbia)
- Sint-Bartelemy (St. Barts)
- Sint Eustaasjes
- Sint Finsent en de Grenadinen
- Sint Kitts en Nevis
- Sint Lusia
- Sint-Maarten
- Trinidad en Tobago
[bewurkje seksje] By de Karabyk rekkene eilannegroepen en steaten
Neikommende eilannegroepen lizze yn 'e Atlantyske Oseaan, mar hearre dochs by de Karibyk:
Neikommende steaten hearre geografysk by de fêstewâl fan Súd-Amearika, mar fanwegen harren koloniale skiednis en har ekonomy wurde hja ek ta it Karibysk gebiet rekkene:
- Guyana
- Suriname
- Frânsk-Guyana (Frânsk departemint)
[bewurkje seksje] Sjoch ek
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
- pw1.netcom.com/~hhenke/index.htm - Virtual Institute of Caribbean Studies
- www.doitcaribbean.com - Caribbean Tourism Organisation (CTO)
- www.karibik-magazin.com - Ynfoportaal en Onlinemagazyn