Karel de Grutte
Ut Wikipedy
Karel de Grutte (2 april 742 by Aken - 28 jannewaris 814, Aken) wie sûnt 771 oant en mei syn dea kening fan de Franken; boppedat waard hy yn 800 ta keizer fan it Westen kroane. Karel wie de soan fan Pippyn de Koarte en Bertruda mei de Grutte fuotten.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] It keninkryk
Pippyn de Koarte, de soan fan Karel Martel, wie de earste kening fan de Karolingen, de dynasty dy't fan 751 oant 987 in tige wichtige rol spile hat yn de Jeropeeske skiednis. Nei de dea fan Pippyn yn 768 waard it keninkryk opdield ûnder syn twa soannen: Karel de Grutte en Karloman. Karloman kaam lykwols al gau te stjerren op 5 desimber 771, wêrnei Karel de Grutte kening waard fan gâns it Frankyske ryk.
[bewurkje seksje] Utwreiding fan it ryk
Yn de yn totaal 46 jierren fan syn hearskippij fierde Karel mear as 50 oarloggen, wat ek foar in midskieuske monarch mear as trochsnee wie. Syn foarnaamste tsjinstânners wienen de Saksen en Langobarden, mar ek mei de Friezen hied er te stellen.
[bewurkje seksje] De Friezen en Saksen
Wat as in strafekspedisje tsjin de Saksen begûn, waard al gau in wiidweidige oermastering en leauwensoarloch dy't 32 jier oanhâlde soe, en dat te boek steld waard as de Saksenkriich. Yn 772 foel hy mei in grut leger de Saksen oan en de Friezen eastlik fan de Lauwers. Hy fersloech harren yn in oantal slaggen en dêrtroch kaam it lêste ûnôfhinklik bleaune Frysk gebiet en it lân fan de Saksen yn Frankyske hannen.
Under oanfiering fan Widukind kaamen de Saksen ferskate kearen yn opstân, dêr't ek de Friezen yn 782 oan mei dien hawwe. Widukind joech him oer yn 785 en ek de Fryske opstân waard delslein. De tsjinstân fan de Saksen wie stiifsettich, earst yn 804 soenen sy harren lang om let foar altiten deljaan. Tidens dizze oarloch ûnstie it kweade sizzens fan de "bekering mei yzeren tongen", wêrmei't de twongen bekearing mei it swurd bedoeld waard. Hjirta furdige Karel in dekreet út, de Capitulatio de partibus Saxoniae, wêryn foar it earst yn de westerske skiednis mei geweld in bekearingspolityk bedreaun waard. Yn 797 furdige Karel in nij dekreet út ûnder ynfloed fan syn riedjouwer Ealwyn dat in wat sêftere bekearingspolityk besjutte soe. Dat dekreet wie de Capitulare Saxonum. Yn 782 kaam it ta de romrofte moarderij fan Verden, wêr't neffens de oerlevering 4500 Saksyske opstânnelingen ûnthalze wêze soene.
By de Friezen late dizze polityk ta in soad ûnfrede. Yn 793 kamen de East-Frieske gebieten (eastlik fan de Lauwers) hjir tsjin yn opstân ûnder oanfiering fan de hartoggen Unno en Eilrad. Dizze ôpstân late ta in tydlike weromfal nei it heidendom. Kristlike sendlingen as Liudgers waarden op 'e flecht jeie. Mar de opstan soe lykwols fuort troch de Franken delslein wurde en de Friezen kamen op'e nij ûnder de kwint.
[bewurkje seksje] De Langobarden
Oan de oarloch tsjin syn twadde fijân, de Langobarden, gong in konflikt tusken de Byzantinen en de Langobarden foarôf. De Langobardyske kening Desiderius oermastere yn 773 it eksargaat Ravenna dât bestjoerd waard troch it Byzantynske ryk en dêr't ek de stêd Rome ûnder foel. De paus Adrianus I ferge Karel om help en dizze luts mei in mânsk leger yn 773 nei Itaalje ta. Hy besette de Langobardyske haadstad Pavia en fersloech de ynfallers. Kening Desiderius waard troch him ôfsetten en brocht it gebiet tusken Rome en Ravenna mei klam ûnder Frankyske beskerming. Op Peaskedei 774 teach hy Rome yn en waard as in keizer ûnthelle en eare. Mei tastimming fan de paus neamde Karel him sels tenei kening fan de Franken en fan de Langobarden.
Yn 788 waard mei it hartochdom Beieren it lêste stamhartochdom by it Frankyske ryk ynlive, yn 795-796 folge de ûnderwerping fan it ryk fan de Avaren oan de eastgrins yn it tsjintwurdige Hongarije), en yn 811 twong Karel de Denen de rivier de Eider oan te nimmen as grins en koe sadwaande de ynfallen fan de Wytsingen tsjinhâlde. En ek al bleau yn 778 syn fjildtocht tsjin de Moaren in Spanje sûnder grutte gefolgen, hy koe wol it gebiet besuden de Pyreneeën oermasterje en tafoegje oan it ryk as de Spaanse Mark. Hjir mei waard ek de opgong fan de Islam ta stean brocht.
Op de ein hie Karel in grut part fan it eartiidske West-Romeinske ryk (en grutte gebieten der omhinne) ferienige ûnder syn hearskippij. Op it hichtepunt fan syn macht hearske hy oer in gebiet dat rikte fan de Elbe en de Oder oant de Pyreneeën, en wie sa ûnbidige grut dat it in konkurrint waard fan it Byzantynse ryk en dêrmei de opfolger fan it Romeinske ryk yn it westen.
[bewurkje seksje] It keizerryk
Op 25 desimber 800 waard Karel de Grutte troch paus Leo III kroane ta keizer fan it West-Romeinske Ryk, in titel dy't sûnt 476 net mear yn West-Jeropa brûkt west wie.
[bewurkje seksje] Polityk
Om syn ryk ienfâldiger te regearen, fierde Karel de Grutte in sintralisaasjepolityk dy't ta uting kaam yn:
- It útfurdigjen fan algemiene wetten, de capitularia, foar alle ûnderdienen fan it Frankyske ryk, en it koadifisearjen fan alle lokale wetten;
- It feralgemienjen fan de fasaliteit wêrby't in fazal syn bestjoerlike en militêre tsjinsten oanbea yn ruil foar gebiet.
- It oanstellen fan omreizgjende amtners, de missi dominici (ôffurdige fan de hear, de kening), om kontrôle út te oefenjen op it greeflik bestjoer;
- It ûntwikkeljen fan in soart ienheidskultuer om't fia misjonearingswurk de bannen tusken syn ûnderdienen te fêstigjen as te fersterkjen;
- It ynfieren fan it pûn, livre fan it Latyn libra as skealje, as standertmjitte foar gewicht lykas jild;
- It ûntwikkeljen fan in hofkultuer, dy't him spegele oan de Byzantynske.
Syn polityk hie ek gefolgen bûten syn ryk; sa rekke it pûn bygelyks ek yn Grut-Brittanje yn gebrûk.
[bewurkje seksje] Dea en opfolging
Neidat Karel de Grutte yn 814 ferstoarn wie, waard hy begroeven yn syn eigen kapel yn Aken, dy't no de kearn foarmet fan de hjoedeiske katedraal. Syn neikommelingen waarden Karolingen neamd.
Syn ienige noch libbene soan, Loadewyk de Fromme folge him op; sadwaande bleau it rekonstruearre West-Romeinske Ryk noch in generaasje by inoar. Nei Loadewyk de Fromme waard it ryk nei Frankysk rjocht ûnder dy syn trije soannen ferdield. It westlik en eastlik part dêrfan waarden it begjin fan it lettere Frankryk en it Hillige Roomske Ryk.
[bewurkje seksje] Boarne
- Eginhard, It Libben fan Karel de Grutte, skreaun om-ende-by 830.