Froubuorren
Ut Wikipedy
Froubuorren (Vrouwenparochie; Biltsk: Froubuurt) is in doarp yn de gemeente It Bilt, mei likernôch 740 ynwenners.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Froubuorren is stifte yn de 16e ieu, by de bediking fan it Bilt. It wie doe it eastlike fan de trije doarpen fan it Bilt, en it hiet Kijfhoeck, nei it plakje yn Hollân. Trochdat de doarpen de nammen fan de parochjes dy't der yn stifte wienen oernamen waard it doarp neamd efter Us Leaffrou. Om de moune, east fan it doarp, hinne, is yn'e rin fan'e tiid it buorskip Buerstermûne groeid. Ek it eardere buorskip Aldebiltsyl, en parten fan Nijebiltsyl en Alde Leie, waarden rekkene ta de himrik fan Froubuorren.
[bewurkje seksje] Ferbinings
Froubuorren leit oan N393, de Middelwei, dy't nei it westen nei Sint Anne giet, en nei it súdeasten nei Stiens. Fia in opfeart hat Froubuorren ferbining mei de Ouwe Rij en de Súdhoekster Faart, en fierder nei Berltsum en it âldlân.
Op 2 desimber 1902 waard yn Froubuorren in stasjon iepene fan it spoar fan Stiens nei Harns fan de NFLS. It stasjon hie de geografyske ferkoarting Vrou. It waard sletten op 1 desimber 1940.
[bewurkje seksje] Ferskaat
- De ynstrumintmakker Jan van der Bildt waard yn 1709 berne yn Froubuorren.
[bewurkje seksje] Untwikkeling ynwennertal
[bewurkje seksje] Strjitten:
't eerste Morn, Atteswei, Brungerstrjitte, Froubuorstermole, Hamerenwei, J.P. van der Bildtstrjitte, Klaine Izakstrjitte, Langhústerwei, Leyester Hegedyk, M Beckstrjitte, Middelwei-East, Ouwe Griepstrjitte, Readpaad, Steertster, Stienzer Hegedyk, Súdhoekstermiddelwei, Tsjerkeplein, Waling Dijkstrastrjitte.