Buerstermûne
Ut Wikipedy
Buerstermûne is in buorskip yn de gemeente Ljouwerteradiel, by Alde Leie. De delsetting bestiet út inkele huzen en wurdt soms foar in part by Froubuorren (gemeente It Bilt) rekkene.
By Buerstermûne lei eartiids in halte oan de spoarwei Stiens-Harns, in ôftakking fan it Dokkumer Lokaaltsje fan de NFLS. De halte, iepene op 2 desimber 1902, lei op 4 kilometer fan Stiens en hie as ôfkoarting Vbm. Op 1 desimber 1940 waard de halte opheft. It stasjonsgebou bestiet noch altyd.