Alde Leie
Ut Wikipedy
Alde Leie (Oude Leije) is in doarp yn de gemeente Ljouwerteradiel. It doarp bestie al yn de Midsieuwen, mar is earst yn 1985 ien doarp wurden. Dêrfoar foel it ûnder trije gemeenten en wie in part fan Feinsum, Hallum en Froubuorren. Op 1 jannewaris 1974 waard it part yn Ljouwerteradiel in doarp, op 1 jannewaris 1975 it part yn Ferwerderadiel. It part yn it Bilt bleau buorskip oant by de gemeentlike weryndieling fan 1984 gâns Alde Leie in doarp fan Ljouwerteradiel waard. It hat no 272 ynwenners (2004).
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Alde Leie as doarp
Alde Leie is foaral op Froubuorren rjochte. De bern gean dêr nei skoalle en de Aldeleisters binnen meastentiids ek lid fan ferienigings dêr.
Alde Leie hat ek in eigen doarpsflagge. Trije banen, rea, giel en blau. Dizze flagge is al opnaam yn it Flaggeboek Hesman, likernôch 1702, en is op 'e nij oannaam yn 2001.
[bewurkje seksje] De skiednis
Alde Leie is ûntstien by de Aldeleistersyl in slûs dy’t oanlein wie foar de ôfwettering fan Eastergoa. Al gau krige de syl ek in funksje as foarhaven fan Ljouwert. De hannelsstêd Ljouwert hie gjin ferbining mei de see. De ferbining rûn oer de Dokkumer Ie. Mei it ûnderhâld fan de Ie hat it lykwols lang problematysk west. De oanlizzende doarpen moasten de Ie befarber hâlde. Mar dy hienen dêr sels gjin belang by, en wienen al tefreden as se it oertallich wetter mar op de Ie kwyt koenen. Ljouwert socht dêrom nei alternativen en ien dêrfan wienen de Hijumer en Feinsumer fearten. De Hijumerfeart kaam as grinsfeart by de syl út. De Feinsumerfeart krige in oansluting. Alde Leie waard sa seehaven. De Saksyske hartoggen hawwe sels der noch in dûanepost hân. Mei de ynpoldering fan it Bilt waard it belang fan de slûs ek minder. Der is noch besocht om in ferbining te meitsjen mei de Nije Syl, de doe nije slûs yn wat no Aldebiltsyl is. Dy ferbining is der kommen, mar foar de skipfeart hat dy noait wichtich west. Yn ‘e rin fan de tiid is de slûs dan ek ferfallen.
[bewurkje seksje] Alde Leie as nimmenslân
De trije gritenijen dêr’t Alde Leie ûnder foel beskôgen it as nimmenslân. It waard in plak foar sa’n sân, acht doarpen om earme arbeiders, widdo's en wezen hinne te stjoeren. Bakker J.S. van de Steegh beskreau it earmhûs en de bewenners fan Alde Leie as ’triennebuorren’. Allinne yn de maitiid en de simmer soarge de wjuddersbaas foar wurk om it lân foar de boeren túchfrij te hâlden. Op sneontejûn waard it swierfertsjinne lean dan yn de fjouwer oant fiif kroegen fan Alde Leie fersûpt. Jûns kamen der dan plysjes om der op ta sjen dat it op net moardzjen útrûn. Alde Leie krige sa de bynamme ‘Sodom’. De doarpen deromhinne dienen eins neat om dêr ferbettering yn oan te bringen. Ek de tsjerken lieten it ôfwitte.
[bewurkje seksje] De eardere tsjerken
[bewurkje seksje] De frije-evangelyske gemeente
De fertutearze Leisters hawwe yn 1875 it inisjatyf nommen om dan sels mar in tsjerklike mienskip op te rjochtsjen. As earste dûmny waard Marinus Mooij beroppen. Mooij wie in foar dy tiid goed traktemint fan 500 gûne tasein. Doe’t er kaam die lykwols bliken dat de tritich húshâldings net mear as 50 gûne opbringe koenen. Mooij bleau en waard in omreizgjend evangelisaasjedûmny. Hy sammele in tal jongerein om him hinne en as de ‘Emausgongers’ teagen se de omkriten fan Alde Leie troch. Ut in ferslach fan 1880 blykt dat de tsjerke, dêr’t 500 minsken ynkoenen, sneins grôtfol wie. Mooij hat him foaral talein op de drankbestriding. Yn 1918 waard besletten om de tsjerke yn Alde Leie te sluten en dy oer te pleatsen nei Aldebiltsyl, om’t dêr de measte leden wennen. De tsjerke is doe ôfbrutsen.
[bewurkje seksje] De Grifformearde Tsjerke
Yn 1910 waard de Grifformearde Tsjerke fan Alde Leie en Froubuorstersmûne stifte. De tsjerke hat noait in eigen dûmny hân. Der kaam in gearwurkingingsferbân mei de tsjerke fan Hijum/Feinsum. Yn 1971 is de tsjerke gearfoege mei dy fan Aldebiltsyl. It gebou stiet der noch.
[bewurkje seksje] It stasjon
Aldeleie hie in stasjon op de line fan de Noarder Lokaal Spoarwei fan Ljouwert nei Harns. Alde Leie hat noait yn it spoarboekje stien. Dêryn stie Froubuorstermûne. It gebou stiet der noch op ‘e grins mei Froubuorstersmûne en is no wenhûs wurden.
[bewurkje seksje] De Balkeneinster mûne
Oan de Feinsumer Feart stiet de Balkeneinster mûne út 1844. Tusken 1983-87 hat de mûne ûnder hannen west en is doe oerdroegen oan de stifting De Fryske Mole.
[bewurkje seksje] Alde Leie of Aldeleie
De namme Alde Leie sil ôflaat wêze fan it wurd leie dat wetterin betsjut.
Yn septimber 2007 hat it doarpsbelang yn in enkête ek in fraach steld oer hoe't de ynwenners de Fryske namme Aldeleie skriuwe. Dêr kaam út dat sa'n 80 persint oanjout dat se har (fan âlds) Alde Leie skriuwe en net Aldeleie. De 'foute' namme Aldeleie komme se noch mar in jier as tweintich tsjin. De Topografyske Wurkgroep Fryslân hat foar it doarpsbelang útsocht wêr't it misgien is. Fêst te stellen is dat yn eltsgefal it Frysk Wurdboek 1984 fan de Fryske Akademy de namme Aldeleie jout. De TWF hat yn syn Standertlist 1997 de Akademy folge. Soks hat fan gefolgen dat de Provinsje Fryslân dy't mei dy standertlist wurket ek Aldeleie ynstee fan Alde Leie brûkt. It wie yn it Frysk oangeande plaknammen gewoan om in adjektyf as âlde, nije en hege as foarheaksel oan de namme te heakjen. By de Steatestavering fan de santiger jierren liket dy gewoante by plaknammen strakker hantearre. Mar der binne wol útsûnderings: Alde Ouwer, De Lytse Jouwer, Nij Beets en Alde Leie. De lêste is ferkeard yn it wurdboek kaam. Om't de Fryske plaknamme Alde Leie of Aldeleie net wetlik fêstlein is, stiet it doarpsbelang no sterk mei de skriuwwize Alde Leie. Op 13 maart 2008 hat de gemeenterie fan Ljouwerteradiel de namme foar de Gemeentlike Basis Administraasje fêststeld as: Alde Leie. De Frysk Akademy hat tasein de namme sa yn de wurdboeken op te nimmen.
[bewurkje seksje] Postkoades
Yn 2007 hat sa om ende by de helte fan de ynwenners fan Alde Leie meiwurke oan it oerdwaan fan ien fan harren postkoaden oan it nije doarp Nij Altena. Troch de sitewaasje dat Alde Leie foar de weryndieling yn twa gemeenten doarpsstatus hie, hie it ek twa postkoades krigen. Doe't der foar Nij Altena binnen it regio-tsiental gjin postkoade mear frij wie, fûn de Topografyske Wurkgroep Fryslân nei wat sneupen yn Alde Leie twa. Op 1 maaie 2008 sil TNT Post postkoade 9072 oersette nei Nij Altena.
[bewurkje seksje] Untwikkeling ynwennertal
[bewurkje seksje] Strjitten yn Alde Leie
Arjen Roelswei, De Streek, It Skoalpaad, Langedyk, Leister Hegedyk, Mûntspaad, Oan 'e Slink, Op 't Fintsje, Pollepaad.