Web Analytics

See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Hijum - Wikipedy

Hijum

Ut Wikipedy

De himrik fan Hijum.
De himrik fan Hijum.

Hijum is it noardlikste doarp fan Ljouwerteradiel. De Hijumer Feart, de âlde namme Hijumermear jout dit oan, is de grinsskieding mei de gemeente Ferwerderadiel. De namme Hijum is te ferklearjen as hiem of wenplak.

It Hijumer doarpshûs hjit "De Kampioen", hjit komt ek de feriening Doarpsbelang gear. De skoalle is neamd nei Arjen Roelofs. Mei Feinsum hat it doarp in brassband: Crescendo.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Sa tekene Jacobus Stellingwerf de Hijumer tsjerke
Sa tekene Jacobus Stellingwerf de Hijumer tsjerke

Hijum is ûntstien op in kwelderwâl. Doe’t yn de 12de ieu dêr in dyk oanlein waard, wat no de Hege Hearrewei is, kaam Hijum yndyk te lizzen. Hijum kaam sa yn hannen fan it kleaster Mariëngaarde.

Sûnt de Reformaasje binne Hijum en Feinsum eins twillingdoarpen wurden. De measte ferienigings hawwe se mienskiplik. Yn Hijum hat lang de middenstân foar beide doarpen wenne. Der hat ek noch in sichoreifabrykje west. It jierlikse doarpsfeest wurdt om bar yn Hijum en Feinsum holden.

It ynwennertal hat lang sa om de 300 west. Nei 1945 is der in oanwaaks komd om’t Ljouwerters harren dêr nei wenjen setten. It gemeentebestjoer hat dat oanmoedige troch yn Hijum wenten te bouwen.

[bewurkje seksje] Gebouwen

[bewurkje seksje] Mariëngaarder Mûne

Oan de Hege Hearrewei by de Hijumer Feart stie wat lang de iennichste nôtmûne fan Ljouwerteradiel west hat. Dit wie de Mariëngaarder Mûne, ek wol Menaarder, Bilgarder of Bilgaarder Mûne neamd. Der wurdt wol tocht dat dizze mûne troch it kleaster stifte is. Letter kaam der in partikuliere mealder. Yn 1869 is de mûne ôfbaarnd en dat wie de ein fan dizze mûne. Hjir sit in ferhaal oan fêst. De lêste mealder, Papma, woe wol fan de mûne ôf. Hy fûn in keaper foar 3.000 gûne en joech dy lok. Mar letter betocht Papma him wer en de nije eigener woe him de mûne wol wer ferkeapje. Papma koe de mûne foar 4.500 gûne wer weromkeapje. Papma hat dat dien, mar hy bekroade him wol oer dy 1.500 gûne dy’t hy tajaan moast. Syn húshâldster wist dêr wol rie op. De mûne wie foar 5.000 gûne tsjin brân fersekere; as de reade hoanne kraaide dan sprong Papma der noch mei winst út. Sa barde it dan dat de mûne yn ‘e brân fleach. Allinne begûn doe it gewisse fan de húshâldster te sprekken en se joech harsels as dieder oan.

[bewurkje seksje] Herfoarme tsjerke

De preekstoel fan de Hijumer tsjerke.
De preekstoel fan de Hijumer tsjerke.

De tsjerke is yn de twadde helte fan 12e ieu boud. Der sitte noch fragminten fan dowestien yn. De tsjerke wie wijd ta Sint Niklaas, de patroan fan de seefarders. Der wurdt wol tocht dat der doe yn Hijum skippers wenne hawwe. Se hienen oer Alde Leie in goede ferbining mei de Middelsee.

Oer de lêste pastoar, út 1580, de dominikaan hear Pibo, is noch it nedige bekend. Hy beklaget him tige hoe’t er yn Hijum behannele is.

Om 1900 hinne is de terp foar in grut part ôfgroeven. Sa is it tsjerkhôf in eilantsje wurden yn in krâns fan beammen.

It ûnderhâld foar de tsjerke waard te swier foar de lytse Herfoarme Gemeente en dêrom is de tsjerke oerdien oan de Stichting Alde Fryske Tsjerken.

[bewurkje seksje] Grifformearde tsjerke

Yn 1877 waard der yn Hijum in ofskieden tsjerke stifte. Dizze is letter oansletten by de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân. De tsjerke hat de namme Betheltsjerke krige.

[bewurkje seksje] Aebinga’s en Emminga’s

Sa seach Jacobus Stellingwerf it ferinnewearre Nijehûs.
Sa seach Jacobus Stellingwerf it ferinnewearre Nijehûs.

Hijum hie twa aadlike slachten. De Aebinga’s of Eabinga’s en de Emminga’s. De E(m)minga’s hienen ek besit yn Stiens.

As stamheit fan de Aebinga’s wurdt yn de 15e ieu Folkert Gosses Eabinga neamd. Hy wie grytman fan it noardlike part fan Ljouwerteradiel. Fierder is ek Binnert Abinga bekend wurden. De Aebinga’s hearden by de Fetkeapers. Doe’t Karel V yn 1511 as lânshear fan Fryslân ynhuldige waard, wegere Binnert om de eed fan trou oan de nije lânshear ôf te lizzen. Syn besit waard doe oernommen troch Hessel fan Martena dy’t syn namme jûn hat oan it Martenahûs yn Frjentsjer.

De Aebinga's binne letter nei Hallum ferhuze. As eigner fan harren state, it Nijehûs, komme letter ek oare nammen foar. Yn 1732 makke Jacobus Stellingwerf in tekening fan wat doe eins in boufal wie.

[bewurkje seksje] Arjen Roelofs

Yn Hijum hat, yn de twadde helte fan de 18e ieu en it begjin fan de 19e ieu, de doe ferneamde stjerrekundige Arjen Roelofs wenne en wurke. Hy is mei twa bruorren en in suster op it hôf fan Hijum begroeven.

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Strjitten

Alde Ringwei, Breedyk, De Loane, Efter de Wâl, Ekersein, Finnepaad, Hege Hearewei, Lege Hearewei, Leiesterpaad, Mieddyk, Oerd, Poaitrije, Popkereed, Skoallestrjitte, Terp, Wallinga's-trije.

Oare talen

Static Wikipedia (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2007 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2006 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu

Static Wikipedia February 2008 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu