De Hommerts
Ut Wikipedy
De Hommerts is in doarp yn de gemeente Wymbritseradiel, súd fan Snits. It doarp hat likernôch 611 ynwenners (2006). It doarp is in lintdoarp de N354 bylâns en foarmet in twillingdoarp mei Jutryp dat krekt noardliker oan de dyk fan Snits nei De Lemmer leit. Dizze strjitwei is yn 1843 oanlein. Dêrfoar wienen beide doarpem oanwiisd op ferfier oer it wetter. Se wurde ek wol yn ien siken neamd: Hommerts-Jutryp.
By de Hommerts heart ek it buorskip Lippenwâlde dat by de súdein fan it doarp leit. It Johan Willem Frisokanaal rint lâns it doarp.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Mienskip
It yn 1988 ferboude en opknapte doarpshûs "Oan it Far" jout mooglikheden oan it ferieningslibben. De skoalle is neamd nei Van Haersma Buma.
[bewurkje seksje] Ferienings
- HJSC - fuotbal
- Iendracht - iisclub
[bewurkje seksje] Befolking:
[bewurkje seksje] Literatuer
- W.P. Vellinga - By de Far lâns (1983,) ;
- W.P. Vellinga - De Geschiedenis van Smallebrugge tot ca. 1800 (1985)
[bewurkje seksje] Iepenbier ferfier
- Line 42: Snits – Jutryp – De Hommerts – Wâldsein – Tsjerkgaast – Spannenburch – Follegea – Jistergea – De Lemmer.
[bewurkje seksje] Strjitten:
De Hoep, De Toer, Hettingawei, Hofdyk, Iewei, Jeltewei, Krimwei, Lippenwâlde, Pampuswei, Reidskar, Scheltingastrjitte, Stinswei.