See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Ychten - Wikipedy

Ychten

Ut Wikipedy

Ychten
Himrik fan  Ychten
Gemeente Lemsterlân
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen 42
Ynwenners (2004) 620
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 52' NB, 5° 47' EL
Netnûmer 0514
Postkoade 8537
Webstee www.echtenerbrug.info

Ychten is in doarp yn de gemeente Lemsterlân, oan de súdkant fan de Tsjûkemar. It doarp hat likernôch 620 ynwenners (2004).

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Yn 1511 wurdt Ychten skreaun as Echtna, lizzende yn de gritenij fan Lemster Fiifgea. Dat it doarp âld is, blykt wol ú âlde stikken fan it jier 1200 doe't der 23 húshâldings wennen. De tsjerke hat ek in rike histoarje en is neamd nei de hillige Lourentsius anno 1597. Begjgin 1825 hat de tsjerke in skûlplak en r6eding west foar in soad minsken, want yn dat jier hat der in grutte oerstreaming west mei as gefolch dyktrochbraken. It wetter stie doe op in soad plakken 1.50 meter boppe it meanfjild. Fan de 182 wenten dy't destiids yn Ychten stienen, binne mear as 150 diels slims skansearre en ferdwûn. Krekt yn dy tiid wie de feanterij al drok oan'e gong. De op it fjild steande foarrieden turf spielden fuort, fee ferdronk, wêrtroch de earmoede dêrnei ek tige grut wie.

[bewurkje seksje] Geografy

Yn it gebiet fan Ychten binne yn de 19e ieu inkele fearten groeven foar de ôffier fan turf. In foarbyld hjirfan is de yn it súdeastlike diel lizzende Klynsmafeart. Fierder de Middenfeart en de Giterske Feart, dat op it gebiet fan Eastersee leit. Oarspronklik in gebiet mei in soad bosk ôfwiksele mei stikjes greidlân. Nei 1750 is dit gebiet foar in grut part fergroeven foar turfwinning en hat it gebiet yn de rin fan de tiid grutte feroarings ûndergien. Om 1840 hinne is men begûn mei de útfeante plassen droech te meallen en yn kultuer te bringen. In pear persielen dy't herinnerje oan dy perioade binne noch werom te finen yn it gebiet, ek de trije slúskes dy't foar de ôffier brûkt waarden binne der noch. De feanarbeiders makken romte foar de boeren. Lân wie wetter en wetter waard wer lân.

De Tsjûkemar is mei syn 2116 ha. de grutste mar fan Fryslân. Yn 1856 is men drok dwaande west om de mar droech te meitsjen. De plannen wienen hielendal rûn. Sa moasten der 6 wettermûnen boud wurde, in slûs, inkele kilometers feart groeven en ek wegen oanlein wurde. De totale kosten waarden rûsd op fl. 459.165,00 of omrekkene fl. 218,65 per ha. Dat it plan net útfierd is, kaam trochdat der net genôch jild oanlutsen wurde koe en ek de grûnsoarte wie net sokke bêste kwaliteit. Sadwaande is ien fan de grutste Fryske marren bewarre bleaun.

[bewurkje seksje] It besjen wurdich

Oan de Tsjûkemar stiet it restaurearre gemaal fan Ychten dat it wetter lost op de Fryske boezem. Yn 2001 is it oanwiisd as Ryksmonunint. It hat ek funksje as eksposysjerûmte mei plak foar permaninte en tydlike histoaryske útstallings, mei it gemaal en de feanpolders as tema. It gemaal hat oant 1996 de hiele feanpolder fan Ychten bemealle. Hjir stiet ek it stânbyld fan Tsjûke en March. By dat stânbyld stiet in tekst dy't it ûntstean fan de Tsjûkemar ferklearret. Dizze lytse leginde hjit De held en de draek.

[bewurkje seksje] Mienskip

[bewurkje seksje] Befolking:

[bewurkje seksje] Berne yn Ychten

[bewurkje seksje] Strjitten:

Kommisjepôle, Hearenwei, Haadwei, Marpaad, Middenfeart, Middenwei.

[bewurkje seksje] Iepenbier ferfier

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

52° 52' NB, 5° 48' EL


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -