Titus Brandsma
Ut Wikipedy
Titus Brandsma (23 febrewaris 1881 - 26 july 1942) wie de kleasternamme fan Anno Sjoerd Brandsma, heechleraer yn de filosofy. Titus Brandsma waard yn Wûnseradiel berne as soan fan feehâlder Titus Brandsma en Tjitje Postma. Hy is fanwege syn striidbere hâlding tsjinoer de Dútske besetter op 19 jannewaris 1942 arrestearre. Hy belâne yn Dachau dêr't hy op 26 july 1942 fermoarde waard.
Njonken syn wurk foar de Roomske tsjerke wie Brandsma aktyf yn de Fryske beweging. Sa wie hy yn 1917 ien de oprjochters fan it Roomsk Frysk Boun en spile hy yn 1938 in rol by de oprjochting fan de Fryske Akademy.