Tiemen Groen
Ut Wikipedy
Tiemen Groen (6 july 1946 - Follegea) is in eartiidse Fryske hurdfytser.
Hy wie in efterfolger fan grutte klasse. Yn 1964 kaam syn spektakulêre trochbraak yn de hurdfytswrâld, doe't hy as 18-jierrige earst Nederlânsk Kampioenen en letter Wrâldkampioen waard by de amateurs. Dizze beide titels wûn hy ek yn 1965 en 1966. Yn 1964 waard hy ek nasjonaal kampioen op'e dyk.
Yn 1967 waard Groen beropsfytser. Fuort waard hy by de profs ek wrâldkampioen op de efterfolging, mar it fytsen op'e dyk waard gjin grut sukses. It folgjende jier beëinige hy syn hurdfytskarriêre. Dêrnei waard hy antykhanneler. Tiemen Groen wennet tsjintwurdich yn Súd-Afrika.