See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Symbion - Wikipedy

Symbion

Ut Wikipedy

Symbion
gjin ôfbyld
taksonomy
Klasse: net definiearre
Skift: net definiearre
Famylje: net definiearre
soarte
Symbion pandora

De Symbion (Symbion pandora) is de ienichste soarte yn it skaai fan de Symbions en yn de stamme fan de Krânsdierkes. It is dierke fan net mear as in heale milimeter dat op de hieren op de mûleparten fan de Noarske Kreeft libbet.

[bewurkje seksje] Untdekking

De Symbion wie ûntdutsen yn de sechtiger jierren troch Tom Fenchel, mar earst in de njoggentiger jierren wienen mikroskopen sterk genôch om observaasje en beskriuwing fan it dierke mooglik te meitsjen. Troch dizze omskriuwing út 1995, fan Reinhardt Kristensen and Peter Funch, die bliken dat it dierke yn de besteande stammen net yn te passen wie, dat se definiearren in nije stamme, de Krânsdierkes, mei dêryn it skaai Symbions en de soarte de Symbion, mei de binominale namme Symbion pandora. De namme "pandorra", nei de myte fan de Doaze fan Pandora, slacht op de Pandora-larve, dy't waakst yn in Symbion, en wêr ûnderwilens dan wer in nije Symbion-larve yn waakst.

[bewurkje seksje] Gedrach

De Symbion is in krûkfoarmich dierke fan minder as in heale milimeter, mei oan de foet in sûchnap dêr't er him mei fêstset op de mûleparten fan de Noarse Kreeft. Mei in krâns fan lytse hierkes om syn mûle fangt er lytse stikjes fan it iten dat de kreeft besiket te iten. Ut en troch wurdt it grutste part fan de "krûk" ferfongen troch in nije krûk, as de âlde net mear funksjonearret. As de kreeft ferhierret litte de Symbions los, en swimme nei in oare kreeft.

[bewurkje seksje] Fuortplanting

De Symbion kin him ûngeslachtlik fuortplante, middels de Pandora-larve, dy't sels net yt en al gau stjert, mar dêr't wer de nije Symbion-larve yn waakst.

Krekt foar de kreeft ferhierret plantet de Symbion him ek geslachtlik fuort. Der waakse mantsjes en wyfkes. It wyfke bliuwt op de symbion sitten, wylst it lytse mantsje nei in oare symbion mei in wyfke swimt. It wyfke ferstjert al gau, mar út de befruchte aaien waakse wer oare larven, de Drager-larven. Dizze swimme nei in nije kreeft, en wylst se stjerre litte se op de nije gasthear sellen efter dêr't wer't symbions út groeie kinne.


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -