Spiltiid
Ut Wikipedy
De Spiltiid is it tiidrek fan likernôch 800 oant 200 f.Kr. doe't alle grutte kulturen harren oanpasten oan de tanimmende groei fan de stêden. De spiltiid is de tredde evolúsje fan de Aldheid, en foarmet dêrmei it begjin fan de Klassike Aldheid.
Yn dit tiidrek kamen der yn fjouwer grutte beskavingsgebieten nije systemen en ideeën op, op de gebieten fan technyk, filosofy en godstsjinst. Dizze feroarings hongen gear mei de feroarjende sosjale en ekonomyske omstannichheden, mar om redenen dy’t wy hjoed de dei noch altyd net folslein begripe, makken yn dy tiid alle wichtige beskavings inselde ûntjouwing troch, sels at se, sa fier wy 't witte, gjin ûnderlinge kontakten hienen, lykas by Sina en Jeropa.
Elts fan dy beskavings ûntwikkele syn eigen oplossings foar de swierrichheden dy’t ûntstienen doe’t de hannel en dus de rykdom en dêrtroch it materialisme tanamen en sadwaande de stêden foar it earst yn ’e skiednis fluch begûnen te groeien. Dy oplossing bestie lykwols al yn alle beskavings út in sosjale ideology fan morele en etyske noarmen en wearden.
Sa ûntstienen yn Sina it Taoïsme (±570 f.Kr.) en it Konfusianisme (±510 f.Kr.), ûntwikkelen har yn Yndia út it Vedyske Bramanisme it Boedisme (±525 f.Kr.), it Jaïnisme (±500 f.Kr.) en it Upanisjadyske Bramanisme (±500 f.Kr.), ûntstienen yn it Heine Easten it Soroästrisme (±600 f.Kr.) en, út it Jawisme, it Klassike Joadendom (±550 f.Kr.), en ûntjoech him yn Jeropa it filosofyske rasjonalisme (±400 f.Kr.) fan Plato en Aristoteles.
Lettere religieuze herfoarmers ûntlienden harren ideeën foar in tige grut part oan dizze Spiltiid-ideologyen, wêrtroch dizze ideologyske feroarings oant yn ús tiid in krúsjale rol spylje.
De beneaming en it begryp Spiltiid binne as Achsenzeit yntrodusearre troch de Dútske filosoof Karl Jaspers.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
[bewurkje seksje] Literatuer
- A. Bertholet en H. Freiherr von Campenhausen, Van Goor’s Encyclopedisch Woordenboek der Godsdiensten, De Haach, 1970.
- J. Bowker, Een wereld van religies, Kampen, 1999.
- Die Religion in Geschichte und Gegenwart - Handwörterbuch für Theologie und Religionswissenschaft, Tübingen, 1957-1962.
- M. Eliade en I.P. Couliao, Wereldreligies in kaart gebracht, Utert, 1992.
- M. Langley, Wereldgodsdiensten, Kampen, 1996.
- H. Smith, De religies van de wereld, Utert, 1999.