See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Slach by de Milvyske Brêge - Wikipedy

Slach by de Milvyske Brêge

Ut Wikipedy

De dream fan Konstantius en de Slach by de Milvyske Brêge
De dream fan Konstantius en de Slach by de Milvyske Brêge

De Slach by de Milvyske Brêge, ek wol Slach by de Pons Milvius, wie op 28 oktober 312 tusken de legers fan keizer Konstantyn de Grutte en Maksentius. De slach waard wûn troch Konstantyn en it is ien fan de ferneamdste fjildslaggen út de Romeinske skiednis. Ferneamd is de útspraak fan Konstantyn dat hy de oerwinning oan de God fan de Kristenen te tanken hie.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Oanrin

Nei eardere fjildslaggen tusken beide tsjinstanners by Turyn en Ferona, dêr't Konstantyn beide kearen triomfearre oer Maksentius, krige Konstantyn it noarden fan Itaalje yn hannen. Hy marsjearde oer de Via Flaminia nei it suden en berikte ein oktober 312 Rome. Maksentius hie him ferskânze yn de haadstêd mei syn leger dat trije kear sa grut wie as dat fan Konstantyn. It seach der nei út dat hy lykas yn 307 en 308 by de ynvaazjes fan Severus en Galerius deselde strategy tapasse soe, mar hiel ferrassend besleat hy Konstantyn yn iepen fjild temjitte te gean.

[bewurkje seksje] De fjildslach

Op 28 oktober 312 stelde hy syn leger op foar de Pons Milvius, in stiennen brêge dêr't de Via Flaminia oer nei Rome rint. Maksentius woe net hawwe dat dizze brêge yn hannen fan syn rivaal falle soe, omdat hy fan betinken wie dat er dan wol iens it fertrouwen fan de senaat ferlieze koe. Wierskynlik wie de brêge troch Maksentius al foar in part ferwoaste as tarieding op in mooglik belis en lei der allinnich noch mar in provisoaryske houten brêge dy't troch it leger konstruearre wie.

De nacht foarôfgeand oan de slach krige Konstantyn in bysûndere dream dêr't in hegere macht him moanne op de skylden fan syn soldaten it teken fan Kristus oan te bringen. De boarnen binne net lyklûdend oer wat hy no krekt yn syn dream sjoen hat. Neffens Eusebius liet hy op de skilden in krústeken of eat wat dêrop like tekenje mei de wurden In hoc signo vinces ("yn dit teken sille jo oerwinne"). Laktantius, in oare boarne, bewearde dat de soldaten it Chi-Rho-teken op harren wapenrissing skildere hienen. De oare dei makke yn elts gefal dúdlik dat Konstantyn der goed oan dien hie de riedjouwing op te folgjen.

De dei dêrop folgjend botsten de twa legers op inoar. Konstantyn toande him yn de slach in betûfte militêr. Syn leger twong dat fan de tsjinstanner tebek rjochting de Tiber, wêrtroch Maksentius besleat om de ferdigening fan de brêge op te jaan en mei syn leger yn Rome stân te hâlden. Lykwols hie syn leger muoite Rome yn te kommen. Omdat alles oer de Milvyske brêge de stêd yn moast kaam it finaal fêst te sitten. Dêrby brocht it leger fan Konstantyn it werom lûkende leger fan Maksentius swiere ferliezen ta. Uteinlik sakke de provisoaryske brêg yn inoar en kaam in part fan Maksentius syn leger fêst te sitten op de noardlike igge fan de Tiber. Sy waarden finzen nommen of deamakke. Maksentius wie ien fan de deaden, hy ferdronk yn de rivier doe't hy besocht om de rivier oer te swimmen. Syn lichem waard fûn en útstald doe't Konstantyn in paradetocht hâlde troch Rome om syn oerwinning te fieren.

De oerwinning makke Konstantyn ta allinnichhearsker oer it westlike part fan it Romeinske ryk. Yn it easten soe Lisinius op syn bar in jier letter ôfrekkenje mei Maksiminus Daia, sadat der ein 313 wer twa keizers yn it Ryk wienen.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

  • Slach by Turyn (312)
  • Slach by Ferona (312)

[bewurkje seksje] Boarnen

  • Zosimus, Historiae II, 15-16
  • Eusebius, Historia Ecclesiastica IX, 9; De vita Constantini I, 28-31 en 38
  • Lactantius, De mortibus persecutorum 44


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -