Slach by Winkel
Ut Wikipedy
De slach by Winkel wie in fjildslach by Winkel, (West-Fryslân), dy't plakfûn yn 993 tusken it leger fan de Hollânse greve Arnulf, tsjin in West-Fryske legermacht.
[bewurkje seksje] Skiednis
De oanlieding foar dizze slach wie de machthonger fan Arnulf nei mear lânbesit. Hy tocht tsjin de ynwenners fan Westflinge dy't net bestjoere waard troch in sintrale machthawwer in ienfâldige oerwinning te helje kinnen. Yn 993 foel hy mei syn leger Westflinge yn en stuite by Winkel op in legermacht fan de Westfriezen.
Yn de slach dy't plak fûn dolle it leger fan Arnulf it ûnderspit en skeat hy sels it libben derby yn. De fersleine koene my muoite fuort komme. De frou fan Arnulf koe allinne mei stipe fan de kening it greefskip Hollân en Seelân foar har soantsje Diederik behâlde.
[bewurkje seksje] Boarne
- D. Kalma, Skiednis fan Fryslân, (Grou, 1965), side 112.