See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Slach by Flaardingen - Wikipedy

Slach by Flaardingen

Ut Wikipedy

De Slach by Flaardingen waard fochten troch de Hollânske greve Durk III tsjin de Dútske keizer Hendrik II. Tsjin de sin fan dizze keizer, dy't yn dy tiid lienhear fan de greve wie, begûn Durk III tol te garjen op de rivier de Maas (Merwede) by Flaardingen. Dizze tol wekte ek it ûnnocht op fan keaplju út it bisdom Utert. De biskop fan Utert rôp de help yn fan de Dútske keizer, en dizze stjoerde in leger nei Flaardingen. Durk III fersloech dit leger op 29 july 1018.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Eftergrûn

Omdat de keapfarders op de Merwede tol betelje moasten oan Durk, koenen se harren ferplichtingen oan keizer Hindrik ek net mear bekostigje. Dit koe sa net langer duorje en Hindrik stjoerde in leger fan biskoppen en eallju derop ôf.

[bewurkje seksje] De Slach

It keizerlike leger bestie benammen út hierlingen ôfkomstich út de buert fan de bisdommen Luik, Kameryk en Utert. It leger waard laat troch Hartoch Godfried fan Lotharingen. Mei skip sette it leger ôf fan Tiel út nei Flaardingen. Lykwols heakke ûnderweis biskop Balderik ôf, omdat er net goed waard. Hy ferstoar noch deselde deis.

Flakby Flaardingen kaam de ekspedysje fan de keizer oan wâl. De measte bewenners wienen flechte nei de fierder lizzende boarch fan Durk of de sompen yn.

Ticht by de boarch lei in min te begean moeras, dêr't de striders fan keizer Hindrik mar moedsum trochhinne kamen. Der ûntstie in soad panyk doe't se tochten dat se fan efterút oanfallen waarden. It leger drige yn panyk te reitsjen en it seach der nei út dat de soldaten inoar dea drukten. De West-Friezen makke brûkme fan dizze tastân en stoarmen oer de dyk hinne en sloegen derop los. Al by de earste oanfal sette biskop Adelbold fan Utret it mei syn manlju op in rinnen, wêrtroch Godfried der allinnich foar stie. By de folgjende oanfal wie it heale leger fuort. Godfried koe lykwols stan hâlde en bleau noch in skoft kranich wjerstean jaan. Langomlet wie it grutste part fan de keizerlike troepen útskakele. Doe it sa fier wie kaam, Durk út syn boarch en naam Godfried finzen. Noch gjin pear moannen letter sletten keizer Hendrik II en greve Durk III alwêr frede. Keizer Hendrik fûn it wichtiger dat de kustferdigening ree wie tsjin de Wytsings.

[bewurkje seksje] Voetnoot

  1. ^ It ferrin fan de fjildslach is optekene troch de muonts Alpertus fan Metz. Alpertus waard wierskynlik berne yn it bisdom Utert. Hy waard muonts te Metz en kearde dêrnei wierskynlik as kanunnik nei Utert werom. Ut syn ferslach bliikt dúdlik dat hy oan de kant fan de biskoppen stie.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -