Skarremole
Ut Wikipedy
De Skarremole by Skarsterbrêge oan de Skarster Rien waard boud yn 1888. De mole is in achtkante grûnsiler. De funksje is poldermole, mar hat eartiids ek tsjinst dien as nôtmole. De mole is noch altyd mealree en wurdt betsjinne troch in frijwillich moolner. De mole is te berikken oer in molepaad. Eigener is de Stifting De Skarremole.