Sint Bonifatius Hospitaal
Ut Wikipedy
It Sint Bonifatius Hospitaal, yn de folksmûle wol Bonnehos neamd, wie foarhinne in sikehûs yn Ljouwert.
Yn 1882 waard it sikehûs iepene troch trije Fransiskaanske nonnen út Dútslân oan de Foarstreek yn it sintrum fan de stêd.
Fanwege romtetekoart krige it sikehûs yn 1935 in nij ûnderkommen te noarden fan de stêd oan de Mr. Piter Jelles Troelstrawei. It gebou lei yn it moai grut park en waard yn de jierren 60 flink útwreide mei nijbou.
Yn 1982 fusearren de trije Ljouwerter sikehûzen: Sint Bonifatius Hospitaal, Diaconessenhûs en Triotel. De nije namme Medisch Centrum Leeuwarden (MCL). It Sint Bonifatius Hospitaal krige dêrby de namme MCL-Noard.
Nei de fusy waard stadich oan alle medyske saken op de lokaasje fan it Triotel (MCL-súd) konsintrearre. Yn 2004 sleat MCL-noard de doaren, wylst it Diakonessenhûs (MCL-Midden) dat yn 1987 al dien hie.
Tsjintwurdich is it gebou oan de Mr. Piter Jelles Troelstrawei op in lyts stik nei ôfbrutsen. Op it terrein sille wennings boud wurde. De namme foar dizze nije wênwyk is Sint Bonifatius Park.