Sibearyske Tsjilling
Ut Wikipedy
Sibearyske Tsjilling | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Anas formosa |
De Sibearyske Tsjilling (Anas formosa) is in fûgel út it skaai fan de Einen.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Foarkommen
De Sibearyske Tsjilling is in lytse Aziatyske ein. Mei in 40-43 sm lingte is der krekt wat grutter as de Piiptsjilling, hy waacht in 500 gram. De jerke hat in tige opfallende kop mei grien, giel en swarte flakken.
[bewurkje seksje] Fersprieding
De Sibearyske Tsjilling briedt meast by de grutte rivieren fan East-Sibearje lykas de Jenisei. De ein oerwinteret op marren yn Sina en Japan.
[bewurkje seksje] Fuortplanting
De Sibearyske Tsjilling begjint meast ein maaie te brieden. De nêsten wurde yn it gers op de kant fan it wetter makke, it nêst wurdt mei dûns beklaaid. De 6 oant 10 aaien wurde yn 26 dagen útbret.