Ropta (mole)
Ut Wikipedy
Ropta is in wynmole wat noard fan Mitselwier. De mole út 1836 wie in grûnsiler en waard fjouwer jier letter ferhege ta in stellingmole. De achtkante boppekruier wie yn gebrûk as nôt- en pelmole.
Yn 1962 waard de mole troch de gemeente Eastdongeradiel oernomd. Yn 1971 wie der in restauraasje. Yn 1994 kaam de mole yn behear fan de Stifting Monumintebehâld Dongeradiel.