Ropta
Ut Wikipedy
Ropta is in buorskip ûnder Mitselwier yn Dongeradiel. It leit tusken Mitselwier, Easternijtsjerk en Ljussens. Dat is de reden wêrom't de mûne hjir yn de 19e en 20e bêst draaie koe: Wyn út de earste hân, mar net fier fan de doarpen.
[bewurkje seksje] Ropta State
Mar Ropta is begûn mei Roptastate, slot fan de Ropta's, dat der al wie yn 1297. De Ropta dy't it measte namme makke hat, wie Worp fan Ropta († 1302). Ocko Scharlenius hat syn skeel mei Jucke van Helbada wiidweidich beskreaun. Jucke Helbada hie de soan fan Worp om hals brocht. Doe't Worp letter Jucke foarby kaam by Hegebeintum hat hy him dêr delslein. Yn 1937 skreau A.M. Wijbenga It Soenhûs, dat dêr oer giet.
[bewurkje seksje] De Mûne
Sa wie der yn 1836 romte en bou de Ropta-mûne. De earste hat der mar fjouwer jier stien. Doe't dy mei in stoarm delfallen wie is der yn 1840 in gruttere, swierdere mûne kaam. Dy hat fol yn bedriuw west oant en mei de Twadde Wrâldkriich. Nei de oarloch rûnen de saken tebek, en yn 1963 hat de gemeente East-Dongeradiel de mûne kocht foar it symboalyske bedrach van ien gûne.
De Nijewierster dichter Anders Minnes Wijbenga hat in fers oan 'e mûne wijd.
[bewurkje seksje] Kweekbedriuw
Tsjintwurdich is op it plak fan Ropta State it kweekbedriuw fan de HZPC te finen. It kweekbedriuw fan de Friesche Maatschappij van Landbouw kaam yn 1965 fanút Ingelum nei Mitselwier en waard op 22 juny troch Prinses Margriet iepene.
De mûne stiet noch wol midden op it terrein, de kassen en loadsen steane dêr omhinne boud.