Pûnsmiet
Ut Wikipedy
It pûnsmiet is de tradysjonele Fryske flaktemjitte, dêr't de oerflakte fan stikken lân yn útdrukt waard.
Ien Fryske pûnsmiet = 1,25 mêd = 0,5 kowegong = 3674 m².
De pûnsmiet is neffens de dikke Van Dale 36,75 are grut, mar der binne lytse regionale ferskillen. De pûnsmiet hat it as flaktemjitte yn de iere 20e ieu ôflizze moatten tsjin de are en bunder, al wurdt de pûnsmiet ek begjin 21e ieu noch in inkele kear oantroffen.