Nije Swemmer
Ut Wikipedy
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
De Nije Swemmer is in kanaal dat rint tusken de Strobosser Trekfeart en it Dokkumer Grutdjip. It is in part fan it kanaal De Swemmer tusken it Burgumer Mar en Dokkumer Nije Silen.
Foardat de Nije Swemmer groeven is wie de ôfwettering fan dit gebiet fersoarge troch de Aldswemmer dy't fanôf it begjinpunt flakby de Petsleat in stik noardeliker rûn en by de Aldwaldmersyl yn it Dokkumer Djip útkaam.