Mount Scenery
Ut Wikipedy
Mount Scenery | |
---|---|
Utsjoch fan Mount Scenery. |
|
Basis ynformaasje | |
Namme | Mount Scenery |
Lokaasje | Saba, Nederlânske Antillen |
Hichte | 877 meter |
Lêste útbarsting | 1640 |
Soart fulkaan | Stratofulkaan |
Mount Scenery is in sliepende stratofulkaan op it eilân Saba, in eilân fan de Nederlânske Antillen. De berch hat in hichte fan 877 meter en is dermei it heechste punt fan Saba en de Nederlânske Antillen. Sûnt 1975, doe’t Suriname ûnôfhinklik waard, is it ek it heechste punt fan it Keninkryk der Nederlannen. De fulkaan wie foar it lêst aktyf yn 1640, doe der grutte eksploazjes en gloedwolken fan de fulkaan ôfkamen. Ek hjoed de dei jild de fulkaan as potinsjeel gefaarlik.
Troch in paad fan 1064 treden kin de fulkaan beklom wurde. It paad begjint yn it doarp Windwardside, dat ûnderoan de berch leit. De siden fan de fulkaan binne begroeit mei sekundêr reinwâld. Ticht by de top groeie mahonybeammen. De top fan de berch is meastal belutsen mei dize.
As op 15 desimber 2008 de nije steatkundige ferhâldings yn it Keninkryk der Nederlannen yn wurde fiert sil Saba in bysûndere gemeente wurde. Fan dan ôf sil net mear de Faalserberch, mar Mount Scenery it heechte natuerlike punt fan Nederlân wurde.