Mary Arden
Ut Wikipedy
Mary Arden (1540 – 1608) wie de mem fan William Shakespeare.
Mary wie de jongste fan ‘e acht dochters fan Robert Arden út Wilmecote, in katolyk dy’t mear as ien kear troud west hat (syn twadde frou hiet Agnes Hill).
De Ardens wienen ien fan ‘e rykste en meast promininte famyljes yn Warwickshire. Harren besittingen waarden al fermeld yn it Domesday Book (1086).
Doe’t Robert Arden yn 1556 stoar, liet er Mary wat jild nei. Mar, wat wichtiger wie: sy krige ek syn buorkerij en al it boulân.
Dat wie fansels in moaie breidskat foar har houlik mei de moffemakker John Shakespeare, dat earne tusken 1557 en 1558 sletten is yn Stratford-upon-Avon.
John en Mary krigen tegearre acht bern: fjouwer soannen en fjouwer dochters. De toanielskriuwer en dichter William Shakespeare wie harren tredde bern.