LAC Frisia 1883
Ut Wikipedy
LAC Frisia 1883 is in Fryske fuotbalclub út Ljouwert. Frisia is ien fan de âldste fuotbalclubs yn Fryslân en waard oprjochte op 25 april 1883. It earste alvetal komt út yn de Tredde klasse fan de KNVB. Frisia spilet ek ynternasjonale wedstriden. De clubkleuren binne giel en marineblau, en de thúsbasis fan de fuotbalclub is it moderne sportpark De Meagere Weide. De club wûn ferskate prizen en toernoaien. It clubblêd hjit De Frisiaan en De Lacskun is de bynamme fan de feriening.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Earelist
[bewurkje seksje] Clubkultuer
[bewurkje seksje] Skiednis
LAC Frisia 1883 waard op 25 april 1883 oprjochte as cricketclub ûnder de namme Cricketclub Frisia, troch P.A.V. baron van Harinxma thoe Slooten, de lettere Kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân. Yn febrewaris 1894 krige de cricketclub ek in fuotbalôfdieling. Al gau waard de namme feroare yn Cricket en Footballclub Frisia. Twa jier letter ferdwûn de cricketôfdieling en bleau der allinnich noch fuotbal oer. De club feroare har namme yn "Leeuwarder Athletische Club Frisia en spile yn de earste Noardlike kompetysje, mei tsjinstanners as Quick en Achilles. It earste tenu bestie út in wite trui mei in blau giele sjerp en in blauwe broek en in blauwe pet.
[bewurkje seksje] Rekords
- Earste ynternasjonale wedstryd: Frisia - Bremer Fußballclub 2-1 (25 april 1908).
- Earste wedstryd damesteam: Frisia - SC Twizel 0-1 (28 september 1985).
- Grutste útsege: Read-Giel - Frisia 1-9 (û.o. 5x K. Wetting); kompetysje (9 septimber 2007)
- 4.000ste doelpunt foar Frisia: Marciano Kasijo yn de wedstryd tsjin Velocitas (2005).
[bewurkje seksje] Clubliet
It clubliet fan LAC Frisia 1883:
- Wij zullen altijd strijden,
- voor Frisia’s oude naam.
- Wij zullen steeds verbreiden,
- haar roemrijk fiere faam.
- Niets zal ons kunnen scheiden,
- Wij blijven hecht tezaam.
- Frisia zal blijven leven.
- We strijden alleen met haar mee.
- De club waarvoor we alles geven,
- Dat is onz’ L.A.C.
[bewurkje seksje] Bestjoerders
- Foarsitter: S.A. Bosma
- Eare-Foarsitter: F. Popma
- Sekretaris: H.Terpstra
- Ponghâlder: R. Onderstijn
- Technyske Saken: J. Schotanus
- Kontribúsje saken: G. Oosterop
[bewurkje seksje] Bekende (âld-)spilers
- Hayo Apotheker
- Marciano Kasijo