Kromme Knillis
Ut Wikipedy
Kromme Knillis (offisjeel Fries) is de namme fan De Boarn tusken Aldskou en Akkrum.
Neffens de sêge fan de Akkrumer reuzen wie dit de namme fan de reus dy't dit stik fan De Boarn groeven hat. It tsjut yn elts gefal ek op it sterke meänderjen dêrfan.
Yn Akkrum komt de Meinesleat út op de Kromme Knillis, by Aldskou komt de Kromme Knillis út op de fjouwersprong mei it Prinses Margrietkanaal, it Rak fan Ungemak en de Nije Wjittering. Yn de 19e ieu wie likernôch healweis oan de noardkant fan de Kromme Knillis fia in syl in ferbining nei de Bokkumer Mar.
Bysûnder is fierders dat krekt bûten Akkrum, oan de westkant oer in lytse hûndert meter noch in stikje uterwaard fan de Boarn bewarre bleaun is.