Kleaster De Oliveberch
Ut Wikipedy
It kleaster De Oliveberch of Mons Oliveta wie it kleaster wat Feankleaster syn namme joech.
De omkriten fan Feankleaster binne yn de 11e of 12e ieu yn kultuer brocht. Yn de 13e ieu stifte it kleaster fan de Norbertinen yn Dokkum yn dit gebiet it dûbeldkleaster De Oliveberch. It kleaster wurdt it earst neamd yn in stik fan 1287.
Troch legaten groeide it kleaster oant likernôch 245 bunder. Ta dit gebiet hearde in úthôf yn de Westerbuorren fan Westergeast. By de kleastersplitsing gongen de mûntsen fan it kleaster nei dizze úthof, wylst De Oliveberch oerbleau as kleaster foar aadlike jonkfroulju, de Norbertinessen fan Aldwâld. It Mûntsehûs en it konvint feankleaster wienen ferbûn troch de Mûntsewei, dy't hieltiid noch bestiet.
It kleaster is yn 1579 ferlitten en yn 1580 kaam it kleaster, lykas alle kleasterbesit, oan de Steaten fan Fryslân. Wat der oer wie fan de lannen en gebouwen waard yn 1644 koft troch Sjouck fan Fogelsangh en dy famylje Van Fogelsangh boude dêr Fogelsanghstate.