Keramykmuseum It Princessehof
Ut Wikipedy
Keramykmuseum It Princessehof is in museum foar keramyk oan de Grutte Tsjerkestrjitte yn Ljouwert.
It museum waard yn 1917 fêstige yn de eardere resindinsje fan prinsesse Marijke Muoi, Maria Louise fan Hessen Kassel, prinsesse fan Oranje Nassau. Doe krige de grutte kolleksje ierdewurk, tegels en porslein fan Nanne Ottema hjir in plak.
[bewurkje seksje] Nanne Ottema
Nanne Ottema hie in notariskantoar oan de prins Hindrikstrjite yn Ljouwert. Hy wist in soad oer Aziatysk keramyk en pubisearre yn 1943 syn hânboek: "Chinese keramiek". Hy wie spesjaal ynteressearre yn Aziatysk ierdewurk trochdat dat de Jeropeeske styl beynfloede. Hy koe hast alles beskriuwe mar slagge der net yn om de eftergrûnen fan "Beppes faaske" te finen. It hat by him op it buro stien en hat him syn libben lang dwers sitten. De lettere direktrise Barbera Harrisson fûn út dat it in net sa bysûnder Sineesk faaske út de 18e ieu wie. Hy bewarre syn samling by him thús en op de souder fan de eardere ambachtsskoalle yn Ljouwert, tsjinoer de Koepeltsjerke.
Ottema wie ek mei-oprjochter fan It Fryske Gea, it Ottema-Wiersma reservaat is nei him neamd.
[bewurkje seksje] Kolleksje
It museum hat sa'n 30 sealen mei samlingen út Jeropa en Aazje, yn de bibleteek steane sa'n 35000 boeken oer keramyk. De foarwerpen binne oardere yn 4 groepen:
- Aziatyske Keramyk
- Moderne Keramyk
- Jeropeeske Keramyk
- tegels
De âldste foarwerpen, Taiske potten en urnen binne fan 1000 foar Kristus.
Der is ek in soad keunst út Nederlânsk Ynje dy't Anne Tsjibbes van der Meulen út Burgum, de soan fan Tsjibbe Gearts van der Meulen, samle hat. De samling hie dêrfoar yn Burgum te sjen west yn in Yndysk museum. Beide manlju hawwe letter tegearre war dien om it Prinsessemuseum fierder út te wreidzjen.
Yn 1982 is der by it 75-jierrich bestean fan it museum in grutte eksposysje hâlden.