Jancko Douwama
Ut Wikipedy
Jancko Douwama (Aldeboarn 1482 - Vilvoorde 1529) wie in Fryske frijheidsstrider.
Hy wie út it Fetkeaperske fermidden ôfkomstich en ferliet by de komst fan'e Saksen it lân. Hy kaam yn 1502 werom en waard ien fan de lieders fan de ûntefreden Friezen yn de Saksentiid. Douwama die earst mei mei de Geldersken (1514), mar rekke yn 1520 yn ûngenede. Hy holp Karel V by de ferovering fan Fryslân. Hy waard as ferrieder wantroud troch beide partijen. Hy kaam tsjinoer de steedhâlder Georg Schenck fan Toutenburch te stean, dy't, tegearre mei Keimpe fan Martena, syn ûndergong bewurkje soe. Douwama stie ek yn kontakt mei East Fryslân. Op 12 juny 1523 waard hy finzen setten.
Oft hy werklik yn Vilvoorde syn Memoires (Skriften útjûn troch it Frysk Genoatskip, 1849) skreaun hat, is op syn minst twifelriedich. Douwama moat sjoen wurde as in Frysk nasjonalist. Syn ideeën waarden oernommen troch Syds Tsjaarda en Karel Roarda.
[bewurkje seksje] Doumalien
It kaptaal dat Jancko Douwama efterliet is yn in stifting ûnderbrocht. By dy stifting kinne studinten in oanfraach yntsjinje foar in bydrage yn de ûnkosten fan har stúdzje. Op dit stuit (2007) is de stifting dwaande harsels breder bekend te meitsjen middels de publikaasje fan in webside.
[bewurkje seksje] boarne
- Brouwers, J.H., J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma, red., Ensyclopedy fan Fryslân, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Jancko Douwama.