See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
J.A. Bruins jr. - Wikipedy

J.A. Bruins jr.

Ut Wikipedy

Jan Anthonie Bruins jr. dûmny (Aartswoud 8 juny 1872It Oranjewâld 5 desimber 1947)

Bruins waard berne yn Aartswoud yn ‘e kop fan Noard-Hollân. De omkriten fan Aartswoud waarden it ‘bleate-fuotte-lân’ neamd. De minsken rûnen dêr op bleate fuotten om de kosten foar klompen en sokken te besparjen. Op de jonge Bruins hat dat djippe yndruk makke en hat syn sosjaal gefoel wekker roppen. Wy soenen Bruins no linksfrijsinnich neame. Bruins hat yn Leien teology stúdearre en syn earste gemeente waard Terwispel (1896-1900). Yn 1900 naam Bruins in berop nei De Knipe, of sa’t it doe noch hiet Nij Brongergea, oan.

Ynhâld

[bewurkje seksje] De tiid yn de Súdeasthoeke

De Súdeasthoeke wie ûntsjerklik. Dûmny’s waarden dêr mei wantrouwen besjoen. Bruins fûn oansluting mei de frije sosjalist Geart van der Zwaag. Van der Zwaag wie net allinne dêr de polityk, mar ek de geastlik lieder. Geart waard faak frege om in begraffenis te lieden. Troch syn drokke warberens koe hy dêr net altyd oan foldwaan. Van der Zwaag frege dan faak oan Bruins om it oer te nimmen. De famylje seach dan meastentiids ferheard op dat der in dûmny kaam. Foar Bruins is dat op in sykjen útrûn nei in ferbining tusken it sosjalisme en de religy. Sa waard ien fan de earste ‘reade dûmny’s’.

[bewurkje seksje] Stiens

Yn 1906 krige Bruins in berop nei Stiens. Dêr is hy oant syn emeritaat yn 1936 ta bleaun. Al gau krigen de Stienzers troch dat Bruins in persoanlikheid wie, wêr’t je net omhinne koenen. Dat hat de nedige konflikten jûn. Meastentiids krige Bruins syn sin, mar soms holden de tsjerkfâden de poat stiif. Bruins wie in man fan styl. Hy krige it sels safier dat it smoken yn tsjerke foar de tsjinst net mear tastien waard. Dat joech de nochal wat opskuor. Neffens de ferhalen bea in boer nei ôfrin fan de tsjinst syn tsjerkeboek te keap oan. As hy net mear smoke mocht, hoegde er ek net mear nei tsjerke. Bruins waard as in achtber persoan beskôge. Ek dy’t harren net ta syn keppel rekkenen, koenen wurdearring opbringe foar syn stribjen.

[bewurkje seksje] De S.D.A.P.

Bruins waard graach frege om op in S.D.A.P.-gearkomste te sprekken. Mar as se yn in ferkiezingstiid Bruins fregen om ek dêr op ‘e preekstoel omtinken te jaan, wegere hy. Polityk hearde, neffens him, net op de preekstoel thús.


[bewurkje seksje] De ûnthâlding

Bruins wie ek in bekend sprekker by de ûnthâlders. Read en blau hearde byinoar. Yn it blêd de Blauwe Vaan hie Bruins syn eigen rubryk Het Hoekje. Dizze binne as blomlêzing, sammele troch syn dochter, nei syn dea útjûn. Se binne ek sterk autobiografysk

[bewurkje seksje] De Blijde Wereld

Yn 1926 begûn Bruins mei guon oare ‘reade’ dûmny’s mei it blêd De Bijde Wereld. As program foar it blêd wie útkard: ‘De reade faan neist de tsjerke’. It wie ynearsten in sosjalistysk religieus blêd. Letter waard it om ek bûtentsjerkliken oan te lûken in algemien religieus blêd. De measte lêzers wienen Friezen. Letter is it blêd ûnder lieding dr. W.Banning kommen te stean. De namme waard doe Tijd en Taak.

Bruins hat in protte sjoernalistyk wurk fersetten. Hy skreau ek yn Rotterdamske blêd Voorwaarts en der is wurk fan him te finen yn de provinsjale kranten.
Bruins is begroeven by syn tsjerke yn Stiens.
Ien fan syn wichtichste learlingen hat dr. J.J. Kalma west..

Literatuer: Ds. Bruins van Stiens. Een zelfportret in Hoekjes (Utert 1949)


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -