Illinois
Ut Wikipedy
|
||||
Ofkoarting | IL | |||
Haadstêd | Springfield | |||
Tiidsône | -6
} Oantal countys = 102 |
|||
Algemien | ||||
---|---|---|---|---|
Oerflakte | 149.998 | |||
Befolking | {{{Befolking}}} | |||
Oare ynformaasje | ||||
Tatreden | 3 desimber 1818 | |||
Oantal countys | {{{Oantal countys}}} |
Illinois is in steat yn de Feriene Steaten fan Amearika. De haadstêd is Springfield.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Illinois is ferneamd nei in Yndianestam en waard op 3 desimber 1818 de 21e steat fan de Feriene Steaten.
Tidens de Amerikaanske Boargeroarloch hearde Illinois ta de Uny.
[bewurkje seksje] Geografy
De steat Illinois is 149.998 km² grut en leit yn de Sintral-tiidsône. It heechste punt is de pyk fan Charles Mound (376 meter). Yn it noarden grinzet it gebiet oan de Michiganmar en de steat Wiskonsin, yn it westen oan Iowa en Missoury en yn it easten oan Indiana en Kentucky.
De hiele westgrins wurdt foarme troch de rivier de Mississippy. Dwers troch de steat rint de rivier de Illinois, dy't yn de Mississippy útmûnet. Dizze útrin is tige breed.
[bewurkje seksje] Nijsgjirrichheden
Fierwei de grutste attraksje is Chicago, mei har musea, wolkenskrabers, arsjitektuer, de Michiganmar en de direkte omjouwing.
Oare Nijsgjirrichheden binne:
- National Historic Trail
- Illinois & Michigan Canal National Heritage Corridor
- Lewis & Clark National Historic Trail
- Mormon Pioneer National Historic Trail
- Trail Of Tears National Historic Trail
- De histoaryske Route 66 fan Chicago nei Los Angeles, ûnder oare besongen troch de Rolling Stones
Yn de haadstêd Springfield stiet it hûs fan presidint Lincoln. Yn Tampico is ek it bertehûs fan de eartiidske presidint Ronald Reagan iepen foar publyk.
Illinois beskikt oer in grut oantal steatsparken, wêrûnder it Starved Rock Park oan de Illinois rivier. Yn dat park stiet in heuvel dêr't Yndiaanske stammen tsjin mekoar fjochten hawwe.