Hasselt (Oerisel)
Ut Wikipedy
Hasselt is in plak dat ûntstien is op in rivierdún fan de Aa (Swarte Wetter). Yn it begjin wie it in sintrumplak binnen de ûntginnings yn de krite fan Vollenhove en Mastenbroek troch kolonisten út Oerisel en Fryslân. Om 1252 hinne krie Hasselt stedsrjochten fan de biskop fan Utert. It opfallendste gebou fan de binnenstêd is de Grutte of St. Stephanustsjerke dy't om 1500 hinne syn hjoeddeiske foarm krigen hat. In foarige tsjerke wie yn 1380 troch brân ferneatige.