See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Gundiok - Wikipedy

Gundiok

Ut Wikipedy

Gondiok, ek wol Gundowech of Gunderik (456 - 473) wie kening fan de Boergonden.

[bewurkje seksje] Skiednis

Nei de ferneatigjende nederlaach by Worms yn 436, wêrby kening Gundohar sneuvele en syn hiele famylje útroegje waard, wienen de Boergonden op 'e nij ûnderhearrich makke oan de Romeinen. Yn 443 stelle de Romeinske oerbefelhawwer magistier militum Aetius Sapaudje (Savoye) ta beskikking oan de Boergonden om te wenjen.

Gundiok focht as oanfierder fan de Boergondyske foederaty mei yn it Romeinske leger, mar doe nei de dea fan Aetius de Romeinske macht tebek rûn kaam er yn 456 yn opstân. Hy liet him ta kening beneamen en besocht syn grûngebiet út te wreidzjen. Under leiding fan de enerzjyke Romeinske keizer Majorianus waard yn 458 de ekspansy fan de Boergonden betwongen en kearden sy werom binnen de earder tawezen grinzen. Mar doe't de keizer ferstoar begûn Gondiok op 'e nij mei syn opmars. Diskear oermastere hy Lyon op de Romeinen en makke it ta haadstêd (461).

Gondiok wie troud mei de suster fan Risimer, de oerbevelhawwer fan it Romeinske leger en nei de fal fan keizer Avitus de machtigste persoan yn it westen. Risimer ûntnaam Aegidius it befelskip oer it Romeinse leger yn Galje en stelde Gondiok dêrfoar yn plak. Aegidius kaam yn opstân mar Gundiok snie him it paad ôf nei Italië.

Under Gondiok fierden de Boergonden oanhâldend kriich, benammen tsjin Franken, Allemannen en mei Aegidius. Hy wreide syn grûngebiet fierder út nei it noarden en noardwesten, oant foarby Langres en de omjouwing fan Solothurn yn 469. Syn âlde soan Gundobad dy't yn it Romeinske leger tsjinne, folge yn 472, Risimer op as oerbefelhawwer fan it Romeinske leger. Doe't Gondiok yn 473 kaam te ferstjerren waard syn keninkryk nei Germaansk gebrûk ferparte ûnder syn trije oare soanen: Godigisel, Gilperik II en Gundomar.

[bewurkje seksje] boarne


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -