Grutte Stoarm
Ut Wikipedy
De Grutte Stoarm, ek wol de Sint-Lusiafloed, wie in wettersneed dy't plak yn de nacht fan 13 desimber op 14 desimber 1287.
De ramp trof foaral de súdlike kust fan de Noardsee, Fryslân, Grinslân en East-Fryslân, mar ek East-Anglia. De gefolchen wienen ôfgryslik. It westlike bekken fan de Waadsee Waadsee waard foarme, dêr't it Gryn hast hielendal by ferdwûn. Dizze nij ûntsteane Heidensee krong hielendal troch oant de Flevomar, wertroch West-Fryslân foargoad skieden waard fan it hjoeddeiske Fryslân, en de Flevomar ta Súdersee waard. Ek yn East-Fryslân kringt de see yn it lân en ferdwynt lân. Hiele doarpen ferdwyne foar altiten yn de weagen, en noch mear moatte ferlitten wurde wêr't it feanlân troch de feroarings te slim bedrige rekket troch de see.
It krekte oantal slachtoffers is net dúdlik; skattings rinne fan 50 tûsen oant 80 tûsen minsken. Dit wie yn dy tiid in ûnfoarstelber grut ferlies fan minskenlibben. Te fergelyk: binnen de hjoeddeiske grinzen fan Nederlân libben yn dy tiid likernôch in heal miljoen minsken.
[bewurkje seksje] Gefolgen
- De Heidensee ûntstie en makke de Flevomar ta Suidersee.
- West-Fryslân waard skieden fan Fryslân.
- Troch it grutte tal slachtoffers yn de Frysktalige gebieten naam it brûken fan de Fryske taal ôf. Yn Noard-Hollân, Denemarken en it noarden fan Dutslân soe it Frysk sawat ferdwine.
- It earste begjin fan de Doalert en de Jadeboesem.
[bewurkje seksje] Namme
De stoarm hjit de Grutte Stoarm om't it de slimste wettersneed is dy Fryslân ea troffen hat, mûglik de stoarm dy't it meast bydroegen hat ta it ûntstean fan de waadsee.
De namme Sint-Lusiafloed komt de datum: de dei dêr't de stoarm op begûn, 13 desimber, is de nammedei fan Sint Lusia.