Ginnum
Ut Wikipedy
Ginnum (offisjeel Frysk) is in terpdoarp yn de Fryske gemeente Ferwerderadiel. Ginnum hat likernôch 92 ynwenners (02-06-2008).
It doarpke leit yn it easten fan de gemeente, op 53°31' N 5°88' E. It leit twa kilometer sudeast fan Hegebeintum, dêr't it fia de Harstawei mei ferbûn is. De Hikkaarderdyk jout nei it suden ferbining mei Jislum en Burdaard, de Flieterpsterdyk is nei it easten de ferbining mei Reitsum en fierder nei Dokkum. De Ginnumer Feart foarmet de wetterferbining fan it doarp mei de Alde Feart, dy't it ferbynt mei de Ie.
It meast opfallend yn Ginnum is it tige âlde tsjerkje út it begjin fan de 12e ieu. Ut dy tiid is noch de dowestienen noardmuorre tebek. Oare parten fan de tsjerke mei in lange skiednis binne ûnder oaren de klokken út 1344 en 1490 en it oerwurk út 1564. It tsjerkje is tsjinwurdich eigendom fan de stifting Alde Fryske Tsjerken en docht tsjinst as atelier en museum. It grutste part fan de terp is oan it begjin fan de 20e ieu ôfgroeven. Fan âlds is Ginnum ien fan de Flieterpen.
Nei in oprop fan paus Innocentius III yn 1215 ta de Fiifde krústocht joegen Roarda fan Ginnum en syn broer Johan Roarda fan Ginnum gefolch oan de oprop. Men gie ûnder lieding fan Willem mei it skip nei it Hillige lân. Johan kaam om yn de striid. Fan de Roarda state, wêr't Roarda fan Ginnum wenne is tsjintwurdich neat mear werom te finen. Oant 1605 waard de stins bewenne.
[bewurkje seksje] Untwikkeling ynwennertal
- 2008 - 92
- 2004 - 100
- 2002 - 110
- 1999 - 110
- 1973 - 135
- 1969 - 161
- 1964 - 171
- 1959 - 182
- 1954 - 208
- 1913 - 214
- 1848 - 124
- 1830 - 125
[bewurkje seksje] Strjitten
De Berepôle, De Houwen, Flieterpsterdyk, Harstawei, Hikkaarderdyk, Roardastrjitte.