Gaborone
Ut Wikipedy
Gaborone is de haadstêd fan Botswana. Dizze stêd hie yn 2001 likernôch 186.000 ynwenners. Botswana waard foar de ûnôfhinkelikens yn 1966 Bechuanaland neamd en doetyds wie Mafeking de haadstêd. Dy stêd (Hjoeddeis Mafikeng neamd) leit no fierder yn Súd-Afrika, wêr it it haadplak is fan de Súd-Afrikaanske provinsje Noardwest.