Funk
Ut Wikipedy
Funk is in muzykstreaming dy't út Noard-Amearika komt. Funk is in sterk ritmyske muzykstyl en hinget sterk op it ritmysk staccato meiïnoar spyljen fan perkusje, baslinen, slachgitaren en blaasynstruminten.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
[bewurkje seksje] Namme
It wurd funk betsjut fan oarsprong lichemsrook of de rook fan geslachtsferkear en waard oer it algemien as net-fatsoenlik wurd oanmerke.
Yn de Afro-Amerikaanske muzyk brûkten se de oantsjutting funky om dat diel fan de muzyk oan te jaan dat los, seksy, stadich riff-oriïntearre en/of dûnsber wie. Funk kin dus sjoen wurde as in subsjenre fan Rhythm and Blues en de term wurdt sûnt mids sechstiger jierren as sjenre-oantsjutting brûkt.
[bewurkje seksje] Sechstiger jierren
Yn de sechstiger jierren ûntstie funk as muzyksjenre, foaral yn gong set troch James Brown en de groep muzikanten om him hinne en letter ek troch de The Meters.
Artysten fan de earste oere wiene ûnder oare Bootsy Collins, Charles Wright & the Watts 103rd Street Rhythm Band, George Clinton, Maceo Parker, Sly & The Family Stone, The Commodores, The Isley Brothers,Alan Evans, The Ohio Players en War.
[bewurkje seksje] Santiger jierren
Yn de santiger jierren ûntstie in nije streaming yn de funk dy't George Clinton en syn Parliament/Funkadelic-kollektyf p-funk neamde. Funk leit ek oan de basis fan de disko, wat opkaam oan de ein fan de santiger jierren. Bekende artysten út dy tiid wiene Earth, Wind & Fire en Rick James. Ek ûntstie yn de jierren santich de jazzfunk mei ûnder oare Herbie Hancock mei it album Headhunters út 1973.
[bewurkje seksje] Tachtiger jierren
Yn de tachtiger jierren ûntstie yn de Amerikaanske stêd Minneapolis in aparte funk-scene, foaral troch it súkses fan de artyst Prince. Inkelde bekende akts wiene Alexander O'Neal, The Time en André Cymone.
[bewurkje seksje] Njoggentiger jierren en 2000
Fan de jierren tachtich ôf wie funk benammen fan ynfloed op de grooves en samples yn respektivelik de disco, dance en de hiphop. Yn de hiphop seach benammen de rapgroep Digital Underground harsels as in fuortsetting fan de P-funk.
In mear mei jazz ferbûn fannijs oplibjen ûntstie mei artysten as John Scofield, Medeski Martin & Wood of Soulive.
Dêrneist ûntjoech him de út Amearika oerwaaide Hammondbeat, mei as skaaimerk de meast ynstrumintale en hypnotisearjende Funk grooves dêr't skeurende hammond-oargels en wah-wah-gitaren sintraal yn steane, mei artysten as The New Mastersounds, The Breakestra, Speedometer, Big Boss Man, Galactic, The Bamboos en Daft Punk. Ek de yn 1989 trochbrekkende Red Hot Chili Peppers hiene sterke funkynfloeden yn har muzyk.
Ek de Dance-scene liet it Funk-idioom net los mei in nije fariaasje dy't nufunk neamd wurdt. Lêstneamde streaming lit him werkenne troch opfierde hiphopbeats en al dan net sels spile funk- en jazzpatroanen. Foaroprinnende artysten yn lêstneamde fariant binne lju as Dr Rubberfunk, Skeewiff, Chris Joss, Smoove, Thunderball & DJ Slow.
[bewurkje seksje] Nederlân
Foarbylden fan Nederlânske funkgroepen binne: Candy Dulfer, The Amsterdam Funk Connection en Lefties Soul Connection.
[bewurkje seksje] Subsjenres en ynfloeden
Subsjenres binne:
- Funkmetal
- Funkrock
- Jazzfunk
- Nu-funk
- P-funk
Sjenres dy't in soad funkynfloeden ha binne: