Frysk alfabet
Ut Wikipedy
It Fryske alfabet hat net as it Latynske alfabet 26, mar 24 letters. De Q en de X fan it Latynske alfabet wurde yn it Frysk net skreaun.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Oersjoch
Grutte letters | |||||||||||
A | B | C | D | E | F | G | H | I | J | K | L |
M | N | O | P | R | S | T | U | V | W | Y | Z |
Lytse letters | |||||||||||
a | b | c | d | e | f | g | h | i | j | k | l |
m | n | o | p | r | s | t | u | v | w | y | z |
[bewurkje seksje] Letters
Letter | Namme |
A | a |
 | â |
B | bee |
C | see |
D | dee |
E | ee |
Ê | ê |
F | ef |
G | gee |
H | haa |
I | ii |
J | jee |
K | kaa |
L | el |
M | em |
N | en |
O | oo |
Ô | ô |
P | pee |
R | er |
S | es |
T | tee |
U | |
Û | û |
Ú | ú |
V | fee |
W | |
Y | igrek |
Z | zet |
[bewurkje seksje] Fonetysk skriuwen
It Fryske skrift is foar it meastepart fonetysk skreaun. Om't de Fryske taal in grutte rykdom en ferskaat oan lûden hat, binne der in soad diakrityske tekens. Hjir in rygje:
Fryske diakretyske tekens | ||||||
skerpteken | é | ú | ||||
---|---|---|---|---|---|---|
breedteken | â | ê | ô | û | ||
trema | ä | ë | ï | ö | ü | |
klamteken | à | è | ì | ò | ù | ỳ |
gearskriuwing | Æ | æ |
De lûden mei in trema of in klamteken jouwe gjin oare lûden oan: it trema jout oan dat in lûd net ta in mearlûd heart; it klamteken wurdt brûkt om klam op in wurdlid te lizzen.
It is yn it Frysk wol tastien, mar net gebrûklik om op haadletters diakrityske tekens te pleatsen. De æ en de Æ wurde somtiden yn nammen of by in âldere stavering brûkt.
[bewurkje seksje] IJ
Lykas yn it Nederlânsk is ek yn it Frysk net dúdlik at de ij (IJ) in letter apart is of in gearskriuwing.