Foksebuorren
Ut Wikipedy
Foksebuorren (Ned: Vosseburen) is in buorskip yn de gemeente Opsterlân. Foksebuorren leit oan de Opsterlânske Kompanjonsfeart benoarden Jobbegea en ten easten fan Lippenhuzen en it buorskip Hanebuorren.
By Foksebuorren leit oer de Opsterlânske Kompanjonsfeart by de ferlaat de brêge Pôlebrêge. De plaknamme einicht lykwols net op ferlaat, lykas by it eastliker lizzende Himrikerferlaat. Fartugen dy't de Turfrûte folgje komme der lâns.