See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Foeke Sjoerds - Wikipedy

Foeke Sjoerds

Ut Wikipedy

Foeke Sjoerds (Moarre 1713 - 1770 Easternijtsjerk) wie in skoalmaster en doarpsrjochter yn Easternijtsjerk. Doe't it plak fan skoalmaster yn Easternijtsjerk frij kaam, waard Foeke Sjoerds fan Moarre nei Easternijtsjerk, sa as it doe hiet, beroppen. Dit wie foar him in ferbettering, want yn Moarre wie syn traktemint mar 70 gûne yn 't jier. Nijtsjerk betelle 116 gûne yn 't jier. Yn 1745 krige er it baantsje fan doarpsrjochter der noch by. Skoalmaster wie gjin fetpot. Foeke Sjoerds klage dan ek oer syn eins te lyts traktemint. Foeke Sjoerds hat him ek mei de polityk bemuoid. Doe't steedhâlder Willlem Carel Hendik Friso yn 1747 steedhâlder alle gewesten waard, kaam der in beweging op, dy't de Doelisten neamd wurdt. Se stelden in fersyk op oan de steedhâlder om mear demokratyske frijheid. De steedhâlder is dêr net op yngien.

Doe ûntstie der reboelje. In groepke besocht om dan mar sels feroarings yn te fieren. It grutste beswier hienen se tsjin de hege belestings. Se lutsen by de doarpen lâns om oanhing te sammeljen. Se kamen ek yn Easternijtsjerk. Se gienen nei Foeke Sjoerds ta om as doarpsrjochter de klok te lieden. Dat gie Foeke Sjoerds te fier en hy wegere. De beweging is op neat útrûn.

Yn 1770 is Foeke Sjoerds te Easternijtsjerk ferstoarn, krekt nei't hy as lânsskiedskriuwer beneamd wie. Syn grêf is der altyd noch. De tsjintwurdige skoalle hat as namme: De Foeke Sjoerdsskoalle.


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -