Foars Groukopke
Ut Wikipedy
Foars Groukopke | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Ochlodes faunus |
It Foars Groukopke (ochlodes faunus) is in flintersoarte yn it skaai fan Ochlodes.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Foarkommen.
It foars Groukopke is in algemiene stânflinter. De flinter is foaral te finen yn wiete greiden en rûchten. Se binne faak te finen yn de dunen. It is in honkfêste soarte. De populaasje trend is nei 1995 negatyf.
Op de reade list stiet de flinter as gefoelich.
[bewurkje seksje] Fleantiid.
De flinter fleant fan juny ôf oant begjin augustus. Foaral tusken 1 en 25 july. Fleant altyd in 1 generaasje.
[bewurkje seksje] De flinter
De wjuklingte is likernôch 12 oant 15 mm. De ûnderkant fan de efterwjuk is gieleftich mei dúdlike ljochte plakken. It mantsje hat op de boppekant fan de foarwjuk in dúdlike geurstreek. De flinter fleant mei in op-en-del geande beweging.
[bewurkje seksje] De rûp
De rûp kin 30 mm lang wurde. It liif is donkergrien mei koarte hierboarsteltsjes. De kop is witich brún. Nei septimber giet de rûp yn rêst om yn it foarjier fierder te groeien. De healwaaks rûp oerwinteret yn in koker fan blêden.
De rûp fret fan ferskillende soarten gers.