Fedde Schurer
Ut Wikipedy
Fedde Schurer (Drachten, 25 july 1898 - It Hearrenfean 19 maart 1968) wie in bekende Fryske dichter. Dêrnjonken wie hy as politykus foar de Partij fan de Arbeid folksfertsjintwurdiger en wie er ien fan de foaroanmannen fan it Kristlik Frysk Selskip.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Oplieding
Fedde Schurer waard berne yn Drachten as soan yn de Griffermearde húshâlding fan Bouke Schurer en Grietje Wagenaar. Hy gie op De Lemmer nei de legere skoalle, wêrnei't er as timmermansfeintsje oan it wurk gie. De stúdzje luts him lykwols: Yn 'e jûnsoeren gie Schurer nei de faktekenskoalle en folge úteinlik in ûnderwizersoplieding. Syn earste oanstelling krige er yn 1919 op De Lemmer oan de bysûndere legere skoalle dêr't er sels op sitten hie. Hy moete dêr syn lettere frou Willy de Vries as kollega ûnderwizer. Op 1 july 1924 troude hy mei har.
[bewurkje seksje] Pseudonimen
Schurer brûkte foar syn skriuwerij ferskate pseudonimen: Louw Brants, Bouke, F. Boukes, Edzard, S. Gerlofs, S.N. Iselbank, Sjolle Kreamer, Arend van der Meer, J. Melkema, Jelle Oenes, Pier Protter, (Jelle) Rippen, J. Stranger, F(rank) Wagenaar.
[bewurkje seksje] Schurer as pasifist
Yn de 20-er jierren ûntwikkele Fedde Schurer him ta miltant pasifist. Hy publisearre ferskate brosjueres oer Kristendom en oarloch. Yn 1930 wie syn stellingname as pasifist oanlieding om him as ûnderwizer op De Lemmer dien te jaan. Schurer gie nei Amsterdam dêr't er as ûnderwizer oan in iepenbiere skoalle oan de slach koe. Hy waard as ferstjintwurdiger fan de pasifistysk-soasjalistyske streaming in faak frege sprekker. Syn pasifistyske ideeën is Schurer oant de ein fan syn libben trou bleaun.
[bewurkje seksje] Schurer as politikus
Fedde Schurer hie fan jongsôf socht nei pasifistyske geastferwanten yn de polityk, mar hie net folle op mei it politike hânwurk. Dochs hat er as folksfertsjintwurdiger oan it wurk west. Nei preaun te hawwen oan de ARP dêr't er him, teloarsteld yn de polityk fan Colijn, wer fan ôfkearde, waard er lid fan de Christelijk-Democratische Unie. Tegearre mei Douwe Kalma wie er yn 1929 by de keamerferkiezings foar dy partij listoanfierder foar Fryslân. Yn 1935 kaam Schurer foar de CDU yn de steaten fan Noard-Hollân mar luts him al nei in jier wer werom: de provinsjale polityk fielde hy him net yn thús. Yn 1938 waard Schurer lid fan de SDAP. Doe't de Partij fan de Arbeid oprjochte waard, slute hy him dêr by oan. Foar dy lêste partij hat er fan 1956 oant 1963 Twaddekeamerlid west.
[bewurkje seksje] Schurer as Fryske beweger
As 20-jierrige wie Schurer koarte tiid lid fan de Jongfryske Mienskip, mar stapte al gaueftich oer nei it Kristlik Frysk Selskip dêr't er in skoft bestjoerslid wie.
In artikel yn 1951 yn de Heerenveense Koerier fan de hân fan Schurer, wêryn hy de taalhâlding fan Mr. Wolters tige kritysk foar it ljocht hâlde, wie de oanlieding ta in rjochtsaak tsjin Schurer. Op 16 novimber 1951 kaam dêr safolle publyk op ôf dat der reboelje mei de plysje ûnstie dy't de skiednis yn gean soe as Kneppelfreed.
[bewurkje seksje] Fedde Schurerpriis
Yn Fryslân is in debutantepriis foar Fryske skriuwers en dichters nei him ferneamd, de Fedde Schurerpriis. De winner wurdt oanwiisd troch Deputearre Steaten fan Fryslân, op foardracht fan in faksjuery.
[bewurkje seksje] Prizen
- 1949 - Gysbert Japicxpriis foar Simson, beriming fan It boek fan 'e psalmen.
- 1945 - Fersetspriis foar letterkundigen foar syn dichtwurk yn it Frysk en it Nederlânsk.
[bewurkje seksje] Bibliografy
- 1925 - Fersen
- 1931 - Heinrich Heine. Oersettings út syn dichtwirk
- 1931 - Utflecht
- 1936 - Op alle winen
- 1940 - Fen twa wâllen
- 1945 - Simson
- 1947 - It boek fan de Psalmen
- 1949 - Vox humana
- 1954 - Bonifatius
- 1955 - Fingerprinten
- 1955 - Frysk Psalm- en Gesangboek
- 1963 - Beam en bast
- 1963 - Brood op het water
- 1966 - Efter it nijs
- 1966 - Opheind en trochjown
- 1966 en 1969 - De gitaer by it boek (twa dielen)
- 1969 - De bisleine spegel