Egbert II
Ut Wikipedy
Egbert II (ek wol Eibert II neamd) wie greve fan Mid-Fryslan tusken (1068 - 1088).
Egbert II wie de lêste telch út de Brunoanen-dynasty dy't as greve Fryslan bestjoerd hat. Ut de kreane boarnen is bekend dat hy fjouwer kear yn ferset kaam tsjin syn lienhear, de Dútske keizer Hindrik IV, dy't ek in neef fan him wie. Like faak waard him it greefskip ûntnommen, de lêste kear foargoed. Yn 1077 waard him Sudergoa al ûntnommen en oerdroegen oan biskop Koenraad fan Utert. De goaën fan Mid-Fryslân waarden nei 1086 tawiisd oan de biskop fan Utert.
Egbert waard troch de kening fûgelfaai ferklearre en sneuvele yn 1090 by in opstân tsjin de keizer. Neisieten fan de greve yn de froulike line hawwe dêrnei duorjend fersocht de goaën werom te krijen.
[bewurkje seksje] Boarne
- Douwe Kalma - Skiednis fan Fryslân, (Grou, 1965), side 111.