Buwekleaster
Ut Wikipedy
Buwekleaster is in buorskip yn de gemeente Achtkarspelen. It wurdt ek wol Bouweklooster Buveklooster of Buvoosklooster neamd. It leit ten easten fan Droegeham en ten noarden fan De Harkema. Yn Buwekleaster stie earder in kleaster, it tsjerkhôf mei in klokkestoel is der noch.
[bewurkje seksje] skiednis
Dit kleaster fan premonstreiter nonnen waard stifte yn 1242, troch Buwe Harkema, in rike edelman fan Stynsgea. Dizze Buwe hie lang lyn op syn eigen lân, de biskop fan Munster knypte in eachje ticht, in kapel ta eare fan de Hillige Niklaas fan Myra stifte. Hy wie ek ryk genôch om in preester te ûnderhâlden. Doe't hy letter seach dat syn broer Gerke in muontsekleaster stiften hie, woe hy dat ek. Mei fergunning fan de abt fan Mariëngaard, hat hy in stik of wat nonnen út it Premonstreiterkleaster Bethelem komme litten en yn syn kleaster ûnderbrocht. Op 24 septimber 1252 waard de kleastertsjerke, wijd oan de evangelist Johannes, yn opdracht fan biskop Otto von der Lippe fan Münster, ynwijd troch biskop Wilhelm Taronensis. Offisjeel hjitte it kleaster "Sepulchro Sanctae Mariae" wat Latyn is voor "Grêf fan de Hillige Marije". Mar yn de folksmûle wie it gewoan it Buwekleaster. It is wierskynlik yn de Tachtichjierrige Oarloch ferwoaste.
[bewurkje seksje] En fierders
Yn Buwekleaster wenne ek de famylje Kloosterman, wêrút Simke Kloosterman stamme. Op de trijesprong stiet in tinkteken foar generaal Spoor.