Burmaniafeart
Ut Wikipedy
De Burmaniafeart is in feart yn de gemeente Ferwerderadiel. De feart rint fan Feswert yn east-Ferwert nei it suden en rint by de Ald Piip fierder as Kontribúsjefeart. Oan de eastkant lizze de Hegebeintumer Mieden. Kleaster Foswert leit ek oan de Burmaniafeart.
It wetter is neamd nei de aadlike famylje Burmania dy’t ek ferskate grytmannen levere. Gemme van Burmania hat yn de 16e ieu yn Ferwert wenne.
De namme Burmaniafeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Burmaniavaart.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |