Boskplakflinter
Ut Wikipedy
Boskplakflinter | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Melitaea athalia |
De Boskplakflinter (Melitaea athalia) is in soarte yn de famylje fan de Plakflinters (Melitaeinae).
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Foarkommen
De Boskplakflinter komt allinnich noch foar op de Feluwe (2006). Yn 1995 is de flinter noch útset tichteby Súdlaren, mar de flinter komt der net mear foar. Se bine te finen by bosrânen, kapflakten, greiden en bermen. Se libje meastal in lytse groepen. Se binne honkfest.
Op de reade list stiet de Boskplakflinter as slim bedrige.
[bewurkje seksje] Flinter
De wjuklingte is 16 oant 21 mm. De boppekant fan de wjukken sit fol mei patroanen mei in soart oranje brún. De swarte linen binne ûngeregeld. Op de ûnderkant fan de foarwjuk binne moanneplakken fan ferskillende grutte.
[bewurkje seksje] Fleantiid
De Boskplakflinter is te sjen fan heal maaie oant begjin augustus, foaral tusken 20 juny oant 10 july. Er is ien generaasje.
[bewurkje seksje] Rûp
De rûp kin likernôch 30 mm lang wurde. It liif is swarteftich mei in soart grize plakken. Op de rêch hat de rûp oranje knobbeltsjes mei swarte boarstels. De rûp oerwinteret as Healwaaks rûp, yn nesten, soms ek wol allinnich. In protte rûpen oerlibje de winter net. In lyts part giet in it foarjier fjirder mei iten en ferpopkjen. Yn it foarjier waarmje de rûpen har op en begjinne dan mei groeien.
De rûp fret Swartkoarn en Weversblêd.