Boalsert (gemeente)
Ut Wikipedy
Gemeente Boalsert
|
|||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
Provinsje | Fryslân | ||||||
Boargemaster | W. Vroegindeweij | ||||||
Haadplak | Boalsert | ||||||
Gebiet - wetter |
9,42 km² - 0,29 km² |
||||||
Ynwenners | 9.388 | ||||||
Ferkearsieren | A7, N359 | ||||||
Netnûmer | 0515 | ||||||
Postkoades | 8700 - 8702 | ||||||
Offisjele webstee | www.bolsward.nl |
Boalsert (Bolsward) is in stêd en gemeente yn it westen fan Fryslân, mei 9.450 ynwenners (1 jannewaris 2003), en in gebiet fan 9,42 km2.
Boalsert wie ien fan de Hânzestêden, sa't noch yn de flagge sjoen wurde kin.
Hjoeddeis is it it begjin en ein fan de Alvestêdetocht op de fyts, mar ek de stêd fan de Heamieldagen en Bolletongersdei.
Yn Boalsert wurdt njonken Frysk en Nederlânsk ek Stedsk sprutsen.