Binnert Philip baron van Harinxma thoe Slooten
Ut Wikipedy
Binnert Philip baron van Harinxma thoe Slooten ( Drachten 30 augustus 1839 - Ljouwert 20 novimber 1923 ) stamde út in âld Frysk aadlik geslacht en wie Kommissaris fan de Kening(inne) fan de provinsje Fryslân.
Binnert Philip van Harinxma thoe Slooten studearre rjochten yn Leien. Dêrnei waard hy amtner by it Iepenbier Ministearje, abbekaat yn It Hearrenfean en kantonrjochter. Yn 1865 waard hy lid fan de gemeenteried fan Opsterlân; lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân (1878) en lid fan de Twadde Keamer (1873). Fan 1878 oant 1909 wie hy Kommissaris fan de Kening(inne) yn Fryslân.
Krekt as syn soan Pieter, dy't him yn 1909 opfolge as Kommissaris fan de Keninginne, ûntploaide hy inisjativen op wettersteatkundich mêd (oanlis fan De Nije Swimmer en it Tsjongerkanaal ). Under syn bestjoer wienen der yn Fryslân grutte sosjaal-ekonomyske spannings dy't ta stakingen lieden. Hy woe dit krêftich oanpakke, mar miste dêrta it fereaske ynsjoch.
[bewurkje seksje] Eksterne links
Berjocht:Opfolging