See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Bûnt Sâneachje - Wikipedy

Bûnt Sâneachje

Ut Wikipedy

Bûnt Sâneachje
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: Aureliaflinters (Nymphalidae)
soarte
Pararge Aegeria

It Bûnt Sâneachje (Pararge aegeria) is in soarte yn it skaai fan de Bûnte Sâneachjes (Pararge).

Ynhâld

[bewurkje seksje] Fersprieding

It Bunt Sâneachje libbet foaral oan boskrânen en yn iepen leaf- en nuddelbosken. Soms wurde der ek bûnte sâneachjes sjoen yn tunen en parken yn boskrike omjouwings. It ferspriedingsgebiet is tanommen. Op dit momint is it Bûnt Sâneachje de flinter dy't it meast tanimt in it Nederlânske lânskip.

Op de reade list stiet it Bûnte Sâneachje as net bedrige.

[bewurkje seksje] Flinter

De wjuklingte is 19-22 mm. De foarwjuk is op de boppekant donkerbrún mei in gieloranje plakkepatroan en in swarte eachplak mei in wite râne. Op de boppekant fan de achterwjukken binne noch trije of fjouwer eachplakken mei dy kleuren.

[bewurkje seksje] De fleantiid

De flinter fleant fan ein maart oant ein oktober, foaral tusken 10 oant 25 maaie en 15 july oant 20 augustus. It Bûnt Sâneagje fleant yn trije oerrinnende generaasjes.

Rup fan it Bûnt Sâneachje.
Rup fan it Bûnt Sâneachje.

[bewurkje seksje] Rûp

De rûp kin 30 mm lang wurde. It liif is felgrien mei in donkergriene rêch. De rûp is bedutsen mei koarte wite hierkes. De rûp groeit de hiele simmer. Der binne hiele rappe groeiers mar er binne ek hiele trage groeiers. De rûp oerwintert almeast as pop, mar ek wol as healwaaks rûpen yn gerspôlen. De rûp fret ferskillende soarten gers.

[bewurkje seksje] Taksonomy

It Bûnt Sâneachje is yn 1758 as Papilio aegeria beskreaun troch Carolus Linnaeus, yn de tsiende útjefte fan syn Systema Naturae. Jacob Hübner yntrodusearre yn 1819 it skaai fan de Sâneachjes (Pararge), wat de namme feroare ta Pararge aegeria. Trochdat William Evans yn 1923 it skaai mei in letter te min oantsjutte wurdt it Bûnt Sâneachje ek wol oantsjut as Parage aegeria.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

Bûnt Sâneachje.
Bûnt Sâneachje.


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -